Grins (stêd)
haadstêd fan de provinsje Grinslân / From Wikipedia, the free encyclopedia
Grins (Grinzersk: Grunnen, Nederlânsk en offisjeel: Groningen) is de haadstêd fan de provinsje Grinslân en ek it haadplak fan de gemeente Grins. De stêd is fierwei de grutste stêd fan it noarden fan Nederlân mei sa'n 202.810 ynwenners (2018). Grins is mei de Ryksuniversiteit Grins (RUG) en de Hânzehegeskoalle Grins foaral ek in studintestêd. Mei alle oare hbû ynstellings derby rekkene hat Grins sa'n 50.000 studinten. Sa likernôch 35.000 dêrfan wenje ek yn de gemeente Grins.[2] De stêd stiet bekend om syn 97 m hege Martinitoer, troch de Grinzers ek wol d'Olle grieze (âlde grize) neamd.
Fluch de feiten
Grins | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Grins | |
Boargemaster | Koen Schuiling (VVD) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 202.900 (01-01-2021) | |
Oerflak | 83.69 km² | |
Befolkingsticht. | 2.324 / km² | |
Hichte | 6,5 m boppe seenivo [1] | |
Oar | ||
Stifting | Aldste oerlevering namme út 1040: villa Cruoninga | |
Ferkearsieren | E22 A7 A28 N46 N355 N360 N361 RING Steatsline B, Steatsline C, Spoar fan Grins nei Delfsyl | |
Postkoade | 9700-9749 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 13′ NB, 6° 34′ EL | |
Offisjele webside | ||
portal.groningen.nl | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Kaart fan d estêd Grins (2014) |
Slute
- Dizze side giet oer de haadstêd fan Grinslân. Foar oare betsjuttings, sjoch: Grins.