From Wikipedia, the free encyclopedia
It Westgermaansk is de teoretyske oertaal dêr't alle Westgermaanske talen út fuortkommen wêze soene. Letter soene har út dizze taal dan it Noardwestgermaansk en it Súdwestgermaansk ûntjûn hawwe, dy't de oertalen wêze soene fan 'e Noardwestgermaansk en de Súdwestgermaanske talen. It is lykwols mar tige de fraach oft in taal as it Westgermaansk wol ea echt bestien hat.
Westgermaansk | ||
algemien | ||
taalgebiet | Noardwest- en Midden-Jeropa | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Westgermaansk | |
skaaimerken | ||
tiidrek | 1e iuw | |
ûntstien út | Proto-Germaansk | |
ûntjûn ta | ● Noardwestgermaansk ● Súdwestgermaansk | |
taalkoades | ||
ISO 639-3 | gmw |
De measte taalkundigen binne nammentlik fan betinken dat de Westgermaanske taalkloft by it losbrekken fan 'e Noardgermaanske groep, om 'e fyfde iuw hinne, al út selsstannige talen bestie. As der al in Westgermaanske ienheidstaal bestien hat, dan soe dy dus yn in earder tiidrek sprutsen wêze moatte, mooglik yn 'e earste iuw, of miskien sels noch earder, yn 'e earste of twadde iuw f.Kr.
Earder waard it ûntstean fan in Westgermaanske taal wol datearre by it útinoarfallen fan 'e West- en Noardgermaanske taalienheid, oan 'e ein fan it Miengermaanske tiidrek fan it Proto-Germaansk, op syn letst yn 'e twadde iuw (n.Kr.), mei dêrfoar troch de hiele Miengermaanske perioade ek al in Westgermaansk dialekt. Dat kaam om't men der doe noch fan útgie dat der nei it opbrekken fan it Miengermaansk yn 't earstoan in ienheid tusken de Noard- en de Eastgermaanske talen bewarre bleau. Dy âldere teory is lykwols ferkrongen troch nijere ynsichten, basearre op archeologyske fynsten mei runeynskripsjes dy't sawol Noard- as Westgermaansk wêze kinne, mar net Eastgermaansk.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.