From Wikipedia, the free encyclopedia
Harich is in doarp yn 'e Súdwesthoeke en de gemeente De Fryske Marren. It leit noardwestlik tsjin Balk oan. De buorskippen De Bels, Frisbuorren en Westerein-Harich. De Harichsterbosk, part fan de gaasterlânske bosken leit súdlik fan it doarp.
Harich | ||
It doarpsintrum mei de tsjerke fan Harich | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 525 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N359 N928 | |
Postkoade | 8571 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 43' N 5° 34' E | |
Offisjele webside | ||
www.harich.nl/ | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Harich yn de eartiidske gemeente Gaasterlân-Sleat |
Harich hat 525 ynwenners (1 jannewaris 2023).[2]
Harich is fan âlds in boeredoarp dat ûntstie oan de âlde trochgeande wei fan Koudum nei Wâldsein. De wei rint op de râne fan it Gaasterlânske sân wêrtroch't der hichteferskil is tusken de noard- en súdkant. De namme komt ek foar as Harg(h), Horch, Haerych en Harig, en is ôflaat fan it Germaanske Harag, dat timpel betsjut en wiisd op in âlde heidensk kultusplak by de Friezen.
Harich wie eartiids it bestjoerlik sintrum fan Gaasterlân. De Wyldemerk besuden it doarp wie eartiids in bekend merkeplak. Yn de fyftiger en sechtiger jierren fan de tweintichste iuw wie by it doarp in ambonezekamp.
Harich bestie ynearsten út fjouwer dielen: de Westerein, de Frisbuorren, de Tsjerkebuorren en de Lorbuorren. It doarp hie earder in eigen gersdrûgerij.
Oant de gemeentlike weryndieling fan 2014 hearde Harich ta de gemeente Gaasterlân-Sleat, en foar de weryndieling fan 1984 makke it ûnderdiel út fan 'e gemeente Gaasterlân.
It Pleatslik Belang betsjinnet Harich en Rûgehuzen. Doarpshûs Ons Gebouw sit yn de âlde skoalle oan de Stinsenwei en wurdt as doarpshûs dield mei Rûgehuzen.
Der waard sein dat men wenne "op Harich" ynstee fan "yn Harich".
Sûnt 2005 wurdt it Konkoers Hippyk Riis op it terrein fan 'e Maneezje Gaasterlân holden, dat yn 'e himrik fan Harich leit.
Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969* | 1974 | 2004 | 2012 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 279 | 567 | 610 | 953 | 478 | 422 | 210 | 490 | 485 |
(* grinswiziging mei Balk) (Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2012 en 2021: Alle Cijfers.)
|
|
It protestantske diel fan it doarp foarmet ien gemeente mei Rûgehuzen en wurket nau gear mei Aldegea/Kolderwâlde. De tsjerke is fan 1663, it ûnderste diel fan de toer mei de mitsele spits is âlder en datearret út de 12e iuw. Boppe de doar fan it tsjerke is in gevelstien oanbrocht dy't ferwiist nei it ynstoarten fan 'e tsjerke troch in stoarm yn 1662. Oan beide kanten fan de stien stiet in earn mei in iketûke yn 'e snaffel en it wapen fan Harichster Dr. Johannes Scheltinga.
Katoliken hawwe gjin eigen tsjerke yn it doarp. Hja falle ûnder de Hillige Kristoffelparochy, dy't in tsjerke hat yn it oanbuorjende Balk.
Bokkeleane, Frisbuorren, Harichsterdyk, Hillemastate, Houtdyk, It Heech, Keamerlânswei, Lorbuorren, Lykwei, Minnemastate, Stinsenwei, Trophernsterwei, Tsjerkepaad, Van der Feltzstrjitte, Warrensterwei, Welgelegen, Westerein, Wyldemerkwei.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.