From Wikipedia, the free encyclopedia
Hamid Karzai (Khandahar, 24 desimber 1957) is in Afgaansk politikus. Fan 2004 oant 2014 wie er presidint fan Afganistan.
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde. Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen |
---|
Hamid Karzai is in Pataan fan de Popalzai-clan fan de Durrany-stam. Hy is berne yn Kandahar yn Afganistan. Hy komt út in famylje dy’t altyd de kening fan Afganistan (Zahir Shah) stipe hat. Hy hat seis bruorren en ien suster.
Hy hat studearre op de Himachal universiteit yn Shimla yn Yndia fan 1979 oant 1983. Dêrnei is hy werom gien en hat er wurke om jild yn te sammeljen om de Mûjahidyn te stypjen tsjin de Sovjetuny. Nei de fal fan it pro-Sovjet regear fan de Nahibullah yn 1992 waard Karzai ûnderminister fan bûtenlânske saken yn it regear fan Burhanuddin Rabbany.
Yn 1999 troude Karzai mei Zeenat Karzai. Se hawwe tegearre in soan mei de namme Mirwais. Dizze soan is berne op 25 jannewaris 2007.
Doe 't de Taliban ferskynden yn de jierren njoggentich wie Karzai in stiper. Mar nei in skoftke waard it algemien bekend dat se bannen hienen mei Pakistan. Dêrom sei Karzai de stipe op. Neidat de Taliban Rabbany ferdreaunen út Kabûl yn 1996, wegere Karzai om foar de Taliban de Feriene Naasjes ambassadeur te wurden. Karzai koe net werom nei Afganistan en gie dêrom yn de stêd Quette wenjen yn Pakistan. Dêr probearre hy stipe en jild los te krijen om de froegere Zahir Shah op de troan te krijen. Op 14 july 1999 waard syn heit fermoarde troch wierskynlik Taliban aginten. Fan dy tiid ôf hat Karzai wraak nimme wold op de Taliban. Hy stelde dêrnei alles yn it wurk om de Taliban fuort te krijen.
Yn de moanne nei de 11 septimber- oanfal gean de Mujahidyn, loyaal oan de Noardlike Alliânsje, gearwurkjen mei de Feriene Steaten om de Taliban út Afganistan te krijen. Yn desimber 2001 fergaderje de politike lieders oer nije liederskipstruktueren. It kaam ta in akkoard en der kaam in foarlopich regear mei Karzai as foarsitter. De Loya Jirga fan 19 juny 2002 hat Karzai beneamd as presidint fan Afganistan.
Karzai is doe beneamd as presidint fan hiel Afganistan. Mar bûten Kabul hie er net folle te fertellen. In grapke wie dan ek dat se him de boargemaster fan Kabûl neamden. Leden fan de Noardlike Alliansje wienen tige ynfloedryk, de meast ynfloedrike wie fise-presidint Mohammed Fahim.
Op 5 septimber 2002 wie der in oanslach op it libben fan Hamid Karzai. In man yn it unifoarm fan it nije Afgaanske nasjonale leger iepene it fjoer op de presidint. Dêrmei ferwûne de man de gûverneur fan Kandahar en in Amerikaanske soldaat. In bodyguard en in omstanner sprongen op de man. Oare bodyguards skeaten de man del, dêrby kamen de bodyguard en de omstanner dy’t op de man sprongen wie om.
Yn 2004 wegere hy it Amearikaanske foarstel om in ein te meitsjen oan de produksje fan papaver. De Amearikanen woenen middels fergif op de fjilden te spuitsjen de planten dea krije. Der gean ferhalen dat Karzai dit net woe omdat it de ekonomy fan syn Pastûnklan oantaaste soe. Der wurdt ek sein dat syn broer Ahmed Wali Karzai yn de drugshannel sit. Dizze broer hat him jild jûn om in kampanje op te setten foar de ferkiezing.
De situaasje bliuwt spannend. It slagget mar net om echt bûten de haadstêd Kabûl in nije frisse wyn blaze te litten. Foaral de regio’s dy’t fier fuort lizze wurde faak laat troch lokale lieders dy’t korrupt binne. Karzai hat min of mear súkses, hy giet net mei dy lieders striden mar giet mei se ûnderhanneljen en slút freonskip. Dit belied soarget derfoar dat it lân net wer yn oarloch komt.
Nei it winnen fan de demokratyske ferkiezingen gie hy oan de slach as presidint. Hy soarge derfoar dat in oantal ministers fan it foarige kabinet ferdwûn en dat wienen foaral ministers fan de Noardlike Alliânsje. In soad minsken tochten dat Karzai no echt begjinne soe mei in agressive feroaring yn it lân. Dit die hy net hy is tige foarsichtich en wol net ien foar de holle stjitte.
Der binne no minstens 28 bataljons fan it Afgaanske leger dy’t by steat binne om te fjochtsjen, der binne mear yn trening. De Afgaanske ekonomy waakst goed foar it earst yn jierren. Ek it jild dat it regear binnen krijt nimt ta. It is noch wol hielendal ôfhinklik fan bûtenlânske help mar it giet better.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.