Gladiator (film út 2000)
film út 2000 fan Ridley Scott / From Wikipedia, the free encyclopedia
Gladiator is in Amerikaansk-Britske sandalefilm út 2000 ûnder rezjy fan Ridley Scott, mei yn 'e haadrollen Russell Crowe, Joaquin Phoenix en Connie Nielsen. It ferhaal giet oer Maksimus Desimus Meridius, in Romeinsk generaal waans wiif en bern fermoarde wurde op befel fan keizer Kommodus. Maksimus moast ek fermoarde wurde, mar hy ûntkomt, wurdt ta slaaf makke en ûntjout him yn 'e arena ta in tige populêr gladiator. Hy hat lykwols mar ien doel, en dat is wraak nimmen op Kommodus. Gladiator krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en groeide yn 'e bioskopen út ta de op ien nei meast opbringende film fan 2000. De film wûn fiif Oscars en twa Golden Globes, wêrûnder de Oscar foar Bêste Film en de Golden Globe foar Bêste Film – Drama. De karriêre fan regisseur Ridley Scott waard troch Gladiator nij libben ynblaasd, wylst haadrolspiler Russell Crowe der syn reputaasje as akteur mei fêstige.
Gladiator | ||
![]() | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
![]() | ||
makkers | ||
regisseur | Ridley Scott | |
produsint | Douglas Wick David Franzoni Branko Lustig | |
senario | David Franzoni John Logan William Nicholson | |
kamerarezjy | John Mathieson | |
muzyk | Hans Zimmer Lisa Gerrard | |
filmstudio | Scott Free Productions Red Wagon Entertainment | |
distribúsje | DreamWorks Pictures (Fer. St.) Universal Pictures (ynternasj.) | |
spilers | ||
haadrollen | Russell Crowe Joaquin Phoenix Connie Nielsen | |
byrollen | Oliver Reed Derek Jacobi Djimon Hounsou Richard Harris | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | ![]() ![]() | |
premiêre | 1 maaie 2000 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | sandalefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 155 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $103 miljoen | |
opbringst | $457,6 miljoen | |
prizen | 5 × Oscar 2× Golden Globe 4 × BAFTA |