Oscar foar Bêste Film
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Oscar foar Bêste Film, eins de Academy Award foar Bêste Film (Ingelsk: Academy Award for Best Picture), is in Amerikaanske priis op it mêd fan films, dy't elts jier ein febrewaris of begjin maart útrikt wurdt oan 'e as bêste beoardiele langspylfilm fan it foargeande jier. It is ien fan 'e Oscars of Academy Awards, en it wurdt beskôge as de wichtichste en meast prestizjeuze filmpriis fan 'e wrâld. De Oscar foar Bêste Film wurdt útrikt troch de Academy of Motion Pictures Arts and Sciences (AMPAS) by in tige formeel oanklaaide útrikkingsseremoanje yn it Dolby Theatre yn Hollywood, de wyk fan Los Angeles dêr't de Amerikaanske filmyndustry konsintrearre is. It is de wichtichste fan alle Oscars, en de útrikking fynt dêrom pas oan 'e ein fan 'e jûn plak, op it hichtepunt fan 'e seremoanje.
Oscar foar Bêste Film | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | bêste film | |
útrikt troch | Academy of Motion Pictures Arts and Sciences (AMPAS) | |
frekwinsje | 1x yn it jier | |
datum | febrewaris / maart | |
plak | Hollywood (Los Angeles) | |
1e útrikking | 1929 | |
offisjele webside | ||
oscars.org |