Gladiator
From Wikipedia, the free encyclopedia
In gladiator (Latyn foar "swurdfjochter", fan gladius, "swurd"), froulike foarm: gladiatriks, wie yn 'e Romeinske Republyk en it Romeinske Ryk in wapene fjochter dy't by optredens yn 'e arena it publyk fermakke mei gewelddiedige konfrontaasjes mei oare gladiators (faak yn gefjochten oant de dea), of oars mei feroardiele kriminelen of mei wylde bisten. Guon gladiators wiene frijwilligers dy't net inkeld harren libben, mar ek harren juridyske en sosjale status op it spul setten om oan gladiatorgefjochten mei te dwaan. De measten wiene lykwols ferachte slaven, dy't yn saneamde gladiatorskoallen ûnder ûnmeilydsume omstannichheden oplaat waarden. Sokken wiene maatskiplik stigmatisearre en marginalisearre en waarden sels yn 'e dea fan 'e rest fan 'e maatskippij segregrearre.
Dizze side giet oer de wapene artyst út 'e Romeinske Tiid. Foar oare betsjuttings, sjoch: Gladiator (betsjuttingsside).