Fryske stavering
From Wikipedia, the free encyclopedia
Mei de Fryske stavering wurdt de stavering fan de Fryske standerttaal ornearre. Yn 1969 hawwe de Provinsjale Steaten fan Fryslân besluten dat it fêststellen fan de offisjele stavering fan it Frysk heart ta it foech fan Provinsjale Steaten. Hjoed-de-dei jildt de Steatestavering fan 1980 as de offisjele stavering fan it Frysk.