From Wikipedia, the free encyclopedia
Follenhove (Nedersaksysk: Veno) is in stêd yn de Kop fan Oerisel. Sûnt 1 jannewaris 2001 is Follenhove part fan de gemeente Stienwikerlân. Follenhove is nei Stienwyk it grutste plak fan de gemeente. Om de stêd leit it Amt Follenhove of it Lân fan Follenhove (ek: Land Veno), dêr't de doarpen en buorskippen Sint-Janskleaster, Barsbeek, Heetveld, Kadoelen, De Krieger en Moespot lizze. Follenhove is fanwegen histoaryske stedsrjochten in stêd, wylst it mar goed fjouwertûzen ynwenners hat. Yn 2004 fierde de stêd it 650-jierrich jubileum fan de stedsrjochten.
Follenhove Vollenhove | ||
Haven en Nikolaastsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Oerisel | |
gemeente | Stienwikerlân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 4.370 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oerflak | 9,32 km² (9,13 km² lân, 0,13 km² wetter) | |
Befolkingsticht. | 469 ynw./km² | |
Oar | ||
Stifting | midsiuwen | |
Ferkearsieren | N331 N762 | |
Postkoade | 8325 | |
Netnûmer | 0527 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 41' NB, 5° 57' EL | |
Offisjele webside | ||
www.stadvollenhove.nl | ||
Kaart | ||
Follenhove hat 4.370 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Follenhove waard al yn 944 neamd as Fulnaho. Eartiids leine dêr wâlden fan Otto de Grote. Dy joech biskop Balderik fan Utert tastimming om dêr te jeien. Yn 1010 joech keizer Hindrik II it gebiet Silva Fulnaho (wâld fan Follenhove) oan it bisdom Utert. De bosken waarden yn de 11e iuw kapt en oanmakke as lân. Yn de 12e iuw liet biskop Godfryd fan Renen oan it Almere in boarch bouwe, it Olde Huys, mei in wartoer en in kapel. Dy boarch waard yn de 14e iuw ferskillende kearen troch Friezen út de Stellingwerven oanfallen. Om de boarch hinne ûnstie it doarp Op ten Camph, dat op 12 july 1354 stedsrjochten krige en nei 1380 Follenhove neamd waard.
De bloeitiid fan de stêd lei yn de earste helte fan de 15e iuw. Follenhove makke opgong troch de fiskerij op steur,foarme in bystêd fan it Hânzebûn en krige ferdigeningswurken en poarten. Georg Schenk fan Toutenburch waard ynearsten drost en letter en letter steedhâlder fan Oerisel foar keizer Karel V. Dy liet krekt bûten Follenhove it kastiel Toutenburch bouwe. Dêrmei waard Follenhove it bestjoerssintrum fan de trije noardlike provinsjes Grinslân, Fryslân en Oerisel. Drinte telde doe noch net, om 't it yn dy tiid neat foarstelde. By it útbrekken fan de Tachtichjierrige Kriich ferlear Follenhove dy funksje en de iuwen dêrnei rekke de stêd yn it neigean.
Yn 1818 waard Follenhove opdield yn de Stêd Follenhove en it Amt Follenhove, it plattelân dat by Follenhove hearde. Yn de twadde helte fan de 19e iuw makke de stêd wer in bloeitiid mei. De slotgrêft fan it Olde Huys waard de fiskershaven en it kastiel ôfbrutsen. Yn 1859 ferlieten de lêste bewenners fan Skoklân it eilân en setten harren nei wenjen yn de resten fan it kastiel. Tsjin it ein fan de 19e iuw waard in nije haven oanlein en ûnstie it typyske fiskersskip fan Follenhove, de Follenhoofske bol. It bouwen fan de Ofslútdyk (1932) makke in ein oan de Suderseefiskerij. Follenhove tsjinne oan it begjin fan de Twadde Wrâldkriich in rol as wurkhaven by it ynpolderjen fan de Noardeastpolder.
Yn 1811 waarden de stêd en it Lân fan Follenhove lyksteld en gearfoege ta de gemeente Follenhove. Yn 1818 waard de âlde sitewaasje foar in part weromdraaid. De stêd waard de gemeente Stêd Follenhove en it lânlik gebiet waard de gemeente Amt Follenhove. De stêd en it lânlik gebiet waarden dus twa selsstannige gemeenten, mar bleaune op bestjoerlik mêd op itselde nivo bestean. Yn 1942 waarden Stêd en Amt Follenhove fannijs ta de nije gemeente Follenhove gearfoege. It gemeentehûs waard it Oldruitenborgh. Yn 1973 waard de gemeente Follenhove mei de gemeenten Bloksyl, Giteren en Wanneperfean gearfoege ta de gemeente Brederwiede. Follenhove waard ek it haadplak fan dy gemeente. Yn 2001 ward Brederwiede mei Iselham en Stienwyk gearfoege ta de fúzjegemeente Stienwikerlân.
De befolking fan Follenhove waard yn 1878 opskrille troch in moard op twa fjildwachters. Nei't de twa de moarns net op it wurk ferskynden, waard der socht en fûnen de minsken harren lichems yn in put. It die bliken dat de fjildwachters mei in soad geweld om it libben brocht wiene. De dieders waarden al gau fûn en wiene streupers. De iene fjildwachter soe yn ûndertrou en de oare liet in frou mei seis bern efter. De slachtoffers hiene de streupers by harren yllegale wurk ûntdutsen en waarden dêrby mei gewearen om it libben brocht. It skilde net folle of de lilke befolking hie sels ôfweefd mei de dieders. De rjochter fan Arnhim feroardiele ien fan de trije dieders ta fiifentweintich jier, de oare twa elts ta tweintich jier finzenis.
Sûnt de 15e iuw spile de fiskerij yn Follenhove in grutte rol. Fral de mûnings fan it Swarte Wetter en de Isel wiene rike fiskgrûn en dêr profitearren plakken lykas Follenhove en Kampen fan. Letter waard der mear oarskeakele op de sâltwetterfiskerij, benammen hearring. Yn 1811 wiene der 32 beropsfiskers, mar yn de twadde helte wie de fiskerij sa wichtich woarn, dat hast alle ynwenners fan Follenhove der fan libbe. Doe't yn 1918 it beslút foel ta de bou fan de Ofslútdyk en it ynpolderjen fan de Sudersee, sochten de fiskers oar wurk. De lêste beropsfisker hold yn 1992 op.
Follenhove telt in grut tal histoaryske bouwurken en in diel is beskerme stedsgesicht.
De Grutte- of Sint-Nikolaastsjerke is in letgoatyske halletsjerke, dy't yn de 15e iuw it tsjintwurdige oansjen krige. De tusken 1968 en 1976 restaurearre tsjerke wurdt brûkt troch de herfoarme gemeente en leit oan de haven.
In oare histoaryske tsjerke is de Lytse- of Us-Leaffrouwetsjerke oan de Bisschopstraat. De tsjerke is boud yn 1423 en krige yn 1461 in toer. De Us-Leaffrouwetsjerke wurdt brûkt troch de grifformearde tsjerke fan Follenhove.
Yn de Kerkstraat steane de roomske tsjerke en de grifformeard-frijmakke tsjerke. Ek yn de Kerkstraat stiet de goatyske Hillige Geastkapel út 1424.
De State Oldruitenborgh út 1524 wie eartiids in jachtslot fan it kastiel Toutenburch; de ruïne fan dat kastiel is fan in ôfstân te besjen.
It stedhûs út 1621 wie oant 2001 yn gebrûk.
De latynske skoalle út 1627 wurdt tsjintwurdich brûkt as restaurant.
Nei de ynstelling fan it Keninkryk fan de Nederlannen hie de gemeente Follenhove as eartiidske stêd rjocht op in eigen wapen. Undersyk fan de doedestiidske boargemaster levere in tekening fan in wapen mei in krús en fiifpuntige stjerren op. De boargemaster skrea foar kening Willem I de folgjende tekst: van rood waarop een kruis van zilver beladen met eene zespuntige gouden ster en gekantonneerd van boven met eene vijfpuntigen zilveren ster en van onderen met eene zespuntigen diergelijke, het schild gedekt met een gouden kroon en ter linkerzijde vastgehouden door een klimmend hert in zijne natuurlijke kleur met een halsband van lazuur waaraan een gouden ring en door dezelve een lint van lazuur.
Yn 2002 makke de skiedkundige drs. Jos Mooijweer yn opdracht fan de "Belangenvereniging Stad Vollenhove" op basis fan it wapen it ûntwerp foar de hjoeddeiske flagge fan Follenhove.
By Follenhove del lizze de provinsjale dyk N331 en provinsjale dyk N762. De N331 ferbynt Follenhove mei Emmeloard en Swol, de N762 ferbynt Follenhove mei Giteren en Stienwyk. Hoewol't der eartiids in tramferbining mei Swol wie, is dy sûnt 1934 net mear yn gebrûk.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.