Flylânsk
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Flylânsk (Flylânsk: Flielands) wie it Hollânske dialekt dat foarhinne sprutsen waard op it ta de provinsje Fryslân hearrende waadeilân Flylân. It wie fan oarsprong nau besibbe oan it Tekselsk, it Wieringsk en it Inkhústersk. Dy fjouwer dialekten foarmen nammentlik mei-inoar de Eilânwestfryske dialektgroep binnen de gruttere kloft fan 'e Westfryske dialekten. It Westfrysk makket sels wer ûnderdiel út fan it Hollânsk. Fan it Flylânsk is net folle oerlevere, útsein in stikmannich koarte ferhalen fan ûnderwizer Engel Molenaar út 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw. De lêste sprekster fan it dialekt ferstoar yn 1993.
Flylânsk | ||
algemien | ||
eigen namme | Flielands | |
lânseigen yn | Nederlân | |
tal sprekkers | – († 1993) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Súdwestgermaansk ● Nederfr.-Nedersaks. ● Nederfrankysk ● Nederlânsk ● Hollânsk ● Westfrysk ● Eilânwestfrysk ● Flylânsk | |
dialekten | gjint |
Dat der op Flylân in Hollânsk dialekt sprutsen waard, is net sa nuver, want Flylân hearde oarspronklik ta de krite fan West-Fryslân, en kaam tagelyk mei it buoreilân Teksel om 1300 hinne ûnder Hollânsk bewâld te stean. It Fly, it seegat tusken de eilannen Flylân en Skylge, wie fan âlds de grins tusken Hollân en Fryslân. Pas ûnder de Twadde Wrâldoarloch, yn 1942, dielden de Dútsers, dy't de pleatslike skiednis net ynteressearre, Flylân (en ek Skylge, dat sûnt 1396 diel fan Hollân útmakke hie) yn by Fryslân, om't men út Harns wei de boat nimme moast om der te kommen. Nei de oarloch waard dy pragmatyske weryndieling hanthavene troch it Nederlânske regear. It Posthuys, op it westlike part fan it eilân, hâldt de âlde sitewaasje noch yn oantins, mei't de post eartiids op Flylân brocht waard fanôf Teksel.
Yn 'e tiid fan 'e Feriene Eastyndyske Kompanjy en de Westyndyske Kompanjy mijden in protte grutte keapfardijskippen de drege trochfeart oer de Sudersee, en bleaune foar de rede fan Teksel en Flylân lizzen, wylst lytsere boaten de hannelswaren út 'e East en de West nei Suderseestêden lykas Amsterdam, Hoarn en Inkhuzen ta ferfierden. Yn dy tiid gie it Flylân sadwaande ekonomysk tige foar wyn. Doe't yn 'e Frânske Tiid (1795-1813) troch de oarloch op see en it Frânske hannelsembargo tsjin Grut-Brittanje de skipfeart frijwol stil kaam te lizzen, brieken der lykwols foar Flylân poerminne tiden oan. Ek de oare Waadeilannen waarden hjirtroch rekke, mar dêr waard ek lânbou bedreaun, wylst Flylân folslein fan 'e hannel ôfhinklik wie. In grut part fan 'e eilânbefolking socht fanwegen de earmoede syn heil earnewêr oars, sadat Flylân yn hege mjitte ûntfolke rekke. Letter skine har in protte lju fan Teksel op Flylân nei wenjen set te hawwen, wat logyskerwize in ferskowing fan it pleatslike dialekt yn 'e rjochting fan it Tekselsk ta gefolch hie.
Troch it fuorttsjen fan 'e Flylânske jongerein nei it fêstelân, en troch tanimmende ynfloeden fan bûtenôf, lykas it toerisme en de fêstiging fan net-Flylanners op it eilân (militêren, rinteniers, lju út Fryslân), rekke it Flylânsk yn 'e tweintichste iuw hieltyd mear yn it neigean. Yn 1993 ferstoar de lêste sprekster, Petronella de Boer-Zeylemaker, yn 'e âlderdom fan 107 jier. Tsjintwurdich is Flylân de iennichste folslein Nederlânsktalige gemeente yn 'e provinsje Fryslân. Wol besteane yn it Nederlânsk sa't dat op it eilân sprutsen wurdt, noch in beheinde restanten fan it oarspronklike dialekt, in soarte fan substraat, soe men sizze kinne. De namme "Flylânsk" wurdt tsjintwurdich gauris brûkt om dit Nederlânsk mei in Flylânsk aksint oan te tsjutten. It moderne Flylân hat as iennichste Waadeilân gjin dialektferiening, mar wol in histoaryske feriening, dy't in tydskrift útjout dêr't noch geregeldwei yn diskusjearre wurdt oer wurden en wurdgebrûk út it eardere dialekt.
Oer it oarspronklike Flylânske dialekt is net sa'n soad bekend, om't der net folle fan of oer skreaun is. Wol is dúdlik dat, krekt as yn it Tekselsk, yn it Flylânsk de h soms fuortfoel as dy oan it begjin fan in wurd stie, wylst er yn guon gefallen foar wurden pleatst waard, dêr't er net thúshearde. Sa rapportearre de njoggentjinde-iuwske taalkundige Johan Winkler dat it wurd foar "hûs" yn it Flylânsk klonk as "ys", wylst it wurd foar "iis" likernôch útsprutsen waard as "hús". Dit is te ferklearren as de h oarspronklik hielendal net yn it Flylânsk foarkaam, mar letter út it Nederlânsk of de oare Waaddialekten oernommen waard, wat late ta in hyperkorreksje, wêrby't er foar de ferkearde wurden pleatst waard. Soks liket wierskynlik, mei't yn it Inkhústersk, in oar Westfrysk dialekt, de h oarspronklik ek folslein ûntbriek. Yn 'e tweintichste iuw waarden sokke foarmen troch taalkundigen lykwols net mear oantroffen. It liket derop dat der ûnderwilens yn it Flylânsk in beskate klankferskowing (of "útspraakkorreksje") plakfûn hie ûnder ynfloed fan 'e tanommen kontakten mei de sprekkers fan 'e dialekten fan 'e oare Waadeilannen.
Om 1900 hinne skreau de Flylânske ûnderwizer en dialektleafhawwer Engel Molenaar dat syn memmetaal oer in hiel aparte klank beskikte: in i-eftige fokaal, dy't tusken de [i] (i fan "bite") en de [y] (ú fan "tút") yn siet. Neffens syn omskriuwing soe dat de [ɨ] wêze moatte, rûchwei in ú dy't men mei sprate (yn tsjinstelling ta rûne) lippen útsprekt, of yn taalkundich jargon it koarte net-rûne sletten middenlûd. Dy fokaal komt bgl. ek yn it Sweedsk en it Noarsk foar, en Molenaar frege him ôf oft de Flylanners de klank soms oernommen hiene by harren Skandinavyske hannelskontakten. Dat soe mooglik wêze, mei't bekend is dat it Flylânsk, troch de iuwenlange oriïntaasje fan 'e eilânbewenners op 'e see, ek beskate Deenske ynfloeden ûndergien hie. Dit lûd die him (neffens Molenaar) û.m. foar yn wurden as ys ("hûs"), tyn ("tún") en dyn ("dún"). Om't der gjin lûdsopnamen makke binne fan dizze frjemde klank, kinne hjoeddeiske taalkundigen der allinne mar nei riede hoe't de foarke yn dizze kwestje yn 'e stôk sit.
In oare aparte klank wie foar Nederlanners de "ieë" yn dieën ("dien"), kieërs ("kjers"), wieër ("wier") en ieërd ("hurd", stookplak). Yn it Frysk komt dizze twaklank, [i.ǝ], lykwols gewoan foar yn wurden as "stien" en "iel". Mei't it Tekselsk yn deselde wurden (deen, keers) in e-klank hat, liek it Flylânsk op dit punt sterker op it Frysk as op 'e oare Westfryske dialekten. Taalkundigen achtsje in beynfloeding troch it Skylgerske dialekt fan it Frysk net ûntinkber. Foar it wurd "jûn" hie it Flylânsk even of eiven, wylst men op Teksel fan ééved en yn it Lânwestfrysk fan eived seit. Dus oannommen dat it Nederlânske avond yn elts gefal kwa bylûden de grûnfoarm wie, dan hie it Flylânsk de -d ferlern, wylst de oare Westfryske dialekten krekt de -n- kwytrekke wiene. It is ynteressant dat it Midslânsk fan Skylge en it Amelânsk ferlykbere foarmen hawwe: eeuwen, resp. aven. Fierders wie yn it Flylânsk de begjinklank [sk] (sk fan "skoalle") beholden bleaun, krekt as yn it Tekselsk en it Amelânsk, dat ek Hollânske dialekten binne, wylst er frjemd genôch yn 'e Fryske dialekten fan 'e eilannen Skylge en Skiermûntseach feroare is yn in Hollânske [sx] (sch fan school).
Yn it deistich spraakgebrûk wurde op Flylân noch wurden brûkt as huus ("hûs"), tuun ("tún"), diek ("dyk") en kieke ("sjen", Nederlânsk kijken). Dit binne oerbliuwsels fan it eardere dialekt. Hoewol't guon Flylanners ek no noch fan in dialekt sprekke as hja dit soarte wurden brûke, is der objektyf sjoen mear sprake fan in regionaal kleure foarm fan it Nederlânsk (oftewol in regiolekt), wêrby't de ferskillen har beheine ta it ferskowen fan 'e [ʌi̭] (ui fan "bui") en [ɛ.i̭] (ij fan "bij") nei [y] (ú fan "tút"), resp. [i] (i fan "bite"). It (faak bewust) brûken fan sokke wurden foarsjocht op Flylân yn in beskaat ferlet om 'e eigen identiteit út te drukken, en dêr is neat mis mei, mar in echt dialekt is it spitigernôch net mear. Ut in taalûndersyk dat yn 1999 op Flylân holden waard, die bliken dat doe ek de jongerein wer mear soksoarte wurden brûkte en inoar sels ferbettere as der sûnder euvelmoed tebekfallen waard op 'e Standertnederlânske útspraak.
It ûndersteande is in fragmint út in ferhaaltsje dat skreaun waard troch Engel Molenaar, (1868-1939) oer it aaisykjen yn 'e dunen yn syn jonkheid. Dit ferhaal en noch in stikmannich oaren waarden yn 'e jierren njoggentich fan 'e tweintichste iuw weromfûn en troch J.H. Nanninga publisearre yn it tydskrift fan 'e Flylânske histoaryske feriening. Se foarmje it grutste part fan it oerlevere âlde Flylânsk.
De wekker stond altyd soo wat op ien ier of allef ien, in groote sak mit brood stond klaar want 't dierde 'n eele dag. 't Was nog donker foor we op 't plak kwammen weer we dyn in gongen. Je kon maar amper de fegels sien. Wel kò je se ooren opfliegen of skreeuwen. Soms lag er welders 'n dooie starriet of 'n lyw langs de binnekant, die tegen de tillegraafdreden anfloogden was. Soms was ie dood, soms ad ie allien maar syn flerrek broken. Deer keken we niet lang na want as 't allef kon, mosten we de eerste wezen, maar soo froeg kò je op Flie niet in dyn kommen of der was er altyd ien eerder. En mooi gesicht was et as je de son sag opkommen achter je. Maar dan was et ook tyd om te soeken. Wat we sochten wazzen meest starriet eitjies.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.