Filmsearje

From Wikipedia, the free encyclopedia

Remove ads

In filmsearje, filmrige of filmfranchise is in rige byinoar hearrende films, dy't yn deselde wrâld spylje, en faak deselde haadpersoan(en) hawwe. It ferskil tusken in filmsearje en in tillefyzjesearje is dat by in tillefyzjesearje in yn 't foar fêststeand oantal ôfleverings makke wurdt foar in hiel tillefyzjeseizoen. By in filmsearje komme de dielen út yn 'e bioskoop (en net yn it foarste plak op 'e tillefyzje), en boppedat is der in tuskentiid tusken de dielen fan oer it algemien teminsten in jier en soms wol fiif jier of noch langer. As men poer sjocht nei bruto-opbringst yn Amerikaanske dollars, is de superheldefilmrige fan it Marvel Cinematic Universe de meast súksesfolle filmsearje aller tiden. As lykwols de opbringsten oanpast wurde oan 'e ynflaasje, is de Star Wars-rige it meast súksesfol.

Net te betiizjen mei in searjefilm.
Remove ads

Foarm

In filmrige kin fan it begjin ôf oan pland wurde, bygelyks as in trilogy. Men kin dan tinke oan The Lord of the Rings-trilogy fan 'e Nijseelânske regisseur Peter Jackson (The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring, The Lord of the Rings: The Two Towers en The Lord of the Rings: The Return of the King). In oar foarbyld is de filmtrilogy Trois Couleurs, fan 'e Poalske regisseur Krzysztof Kieślowski, mei de films Trois Couleurs: Bleu, Trois Couleurs: Blanc en Trois Couleurs: Rouge. Soms docht de earste film it yn 'e bioskopen net goed genôch, en wurdt de rest fan 'e searje skrast. Soks barde bgl. mei The Golden Compass.

It komt lykwols ek in protte foar dat in film it sa goed docht yn 'e bioskopen, dat de makkers beslute om ien of mear ferfolchfilms (sequels) te meitsjen. Dat wie bgl. it gefal by films as Dirty Harry, Die Hard en American Pie. Soms kiest men derfoar om in prequel te meitsjen, in film dy't spilet foarôfgeande oan 'e oarspronklike film. Dat wie bgl. sa mei Butch Cassidy and the Sundance Kid, dy't einige mei de dea fan 'e beide haadpersoanen. Doe't dy film in grut súkses waard, besleat men om Butch and Sundance: The Early Days te meitsjen, dy't de jonge jierren fan 'e beide haadpersoanen sjen lit.

Remove ads

List fan súksesfolste filmsearjes

De list hjirûnder jout (nei de stân fan saken fan 16 oktober 2018) alle filmsearjes wer dy't mear opbrocht hawwe as $500 miljoen.

     Dizze kleur jout filmsearjes oan dy't hearre ta in grutter gehiel (sa makket Harry Potter diel út fan J.K. Rowling's Wizarding World). Ynsafier't ek it gruttere gehiel yn 'e ûndersteande list opnommen is, krije dizze 'dielsearjes' gjin rang.

Mear ynformaasje rang, opbringst ...
Remove ads

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads