From Wikipedia, the free encyclopedia
It Filmfestival fan Firginia (Ingelsk: Virginia Film Festival) is in filmfestival dat elts jier ein oktober en/of begjin novimber holden wurdt yn 'e stêd Charlottesville, yn 'e Amerikaanske steat Firginia. It evenemint wurdt organisearre troch de doktoraaloplieding foar de skiene keunsten fan 'e Universiteit fan Firginia.
Filmfestival fan Firginia Virginia Film Festival | ||
plak en tiid | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Firginia | |
plak | Charlottesville | |
holden yn | kampus fan 'e Universiteit fan Firginia | |
tiid fan it jier | oktober/novimber | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | filmfestival | |
bestean | 1988 – no | |
org. troch | Universiteit fan Firginia | |
offisjele webside | ||
www.virginiafilmfestival.org |
De earste edysje fan it filmfestival fûn plak yn 1988, doe noch ûnder de namme Festival fan de Amerikaanske Film fan Firginia (Virginia Festival of American Film). De oprjochting fan it evenemint krige formeel de goedkarring fan it Ministearje fan Ekonomyske Untwikkieling fan it steatsregear fan Firginia, en de organisaasje waard opdroegen oan 'e Universiteit fan Firginia. De bedoeling efter de oprjochting fan it festival wie twafâldich: om ekonomyske ûntjouwing oan te fiterjen troch de produksje fan films binnen de grinzen fan 'e steat oan te moedigjen, en om 'e kreätive belangen en ambachten fan 'e Amerikaanske filmyndustry te fermingen mei de yntellektuele helpboarnen fan in nasjonaal heech oansleine universiteit.
Yn 1996 besleat de Universiteit fan Firginia om fan it filmfestival in mear yntegraal ûnderdiel fan it lesprogramma te meitsjen troch it ûnder te bringen by de doktoraaloplieding foar de skiene keunsten. It evenemint krige doe ek syn hjoeddeistige namme, om't de fokus útwreide waard fan inkeld Amerikaanske filmproduksjes nei de ynternasjonale sinema. Fan 1990 oant 2009 hie it Filmfestival fan Firginia elts jier in oar tema, op basis wêrfan't it filmprogram gearstald waard (sjoch ûnder it kopke "tema's"). Fan 2010 ôf waard fan 'e tematyske oanpak ôfstapt om in mear fleksibel programma oan te bieden.
Ferskate grutte nammen út 'e Amerikaanske en ynternasjonale filmyndustry hawwe troch de jierren hinne op it Filmfestival fan Firginia te gast west, ûnder wa: Sandra Bullock, Matthew Broderick, Nicolas Cage, Robert Duvall, sir Anthony Hopkins, Gregory Peck, Vanessa Redgrave, Gena Rowlands, Jimmy Stewart en Sigourney Weaver.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.