From Wikipedia, the free encyclopedia
Femke de Walle (Baambrugge, 13 maart 1983) is in Frysk presintatrise en muzikante. Se waard yn 1983 út Fryske âlden berne yn Baambrugge, in plak yn it noardwesten fan 'e provinsje Utert, deunby de Finkefeanske Plassen. Se groeide lykwols op yn Fryslân en genoat middelber ûnderwiis op 'e HAFU fan it Kristlik Lauwers Kolleezje yn Bûtenpost. Neitiid studearre De Walle sjoernalistyk oan 'e Hegeskoalle Windesheim yn Swol.
Femke de Walle | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Femke de Walle | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 13 maart 1983 | |
berteplak | Baambrugge (Utert) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | presintatrise, muzikante | |
medium | radio | |
wurksum by | Omrop Fryslân | |
bekend fan | De Middei fan Fryslân | |
jierren aktyf | 2006 - 2020 |
De Walle waard radioferslachjouster en -presintatrise by Omrop Fryslân. Se presintearre it radioprogramma De Middei Fan Fryslân. Dêrnjonken is se ek muzikante (pianiste) en treedt se op mei har suske Elske DeWall. De Walle wennet op De Gordyk mei har man Allan en bern, de twilling Liv en Liam (2013) en Luuk (2017). Yn maart 2020 lei se har wurk by Omrop Fryslân en as muzikante abrupt del om't se skjin ynein wie en har batterij net mear opladen krige. Sels omskreau se it yn in fraachpetear mei de Ljouwerter Krante sa: "Ik rûn mei de bek op 'e grûn."
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.