From Wikipedia, the free encyclopedia
Fargo, stichte yn 1871, is de grutste stêd (city) yn de steat Noard-Dakota yn it Midwesten fan de Feriene Steaten, en is it haadplak fan Cass County. Fargo leit oan de Red River of the North, yn de Red River Valley oan de eastgrins mei de steat Minnesota.
Fargo | ||
Fargo downtown | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Noard-Dakota | |
County | Cass County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | ↑105.549 (2010) | |
Oerflak | 98,3 km² | |
Befolkingsticht. | 1.073,7 / km² | |
Stêdekloft | 208.777 | |
Hichte | 274 m | |
Oar | ||
Stifting | 1871 | |
Tiidsône | CST (UTC-6) | |
Simmertiid | (UTC) | |
Offisjele webside | ||
City of Fargo |
Fargo hat yn tige fariearre en robúste ekonomy. Fanâld spylje agraryske bedriuwen in wichtige rol. Green Eco Mobility, in dochter fan Chrysler, makket auto's. Microsoft en Intelligent InSites hawwe ek festigings yn Fargo. Dêrneist profitearret it plak fan de tychteby lizzende oaljefjilden.[1] Ek North Dakota State University docht sines ta de ekonomy fan Fargo.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Fargo, North Dakota fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.