Epeus Manger Cats (Ljouwert, 30 novimber 1822 - Grins, 9 oktober 1896) wie in Nederlânsk politikus.

Thumb
Epeus Manger Cats

Famylje

Manger Cats waard berne as soan fan Samuel Hendrik Cats, belestingûntfanger, en Catharina van Vierssen. By Keninklik Beslút fan 16 april 1829, nr 40, waard de efternamme Cats foar heit Samuel en syn neiteam feroare yn Manger Cats. Hy troude yn 1852 mei syn nicht Johanna Maria van Haersma de With (1823-1869). It pear krige acht bern, dêr't fjouwer fan jong stoaren.

Wurkpaad

Hy studearre rjochten yn Leien en waard boargemaster fan Barradiel (1851-1857) en folge yn 1857 syn broer Martinus op as boargemaster fan Smellingerlân.[1] Hy kaam te wenjen yn it troch syn broer boude Haersma State yn Drachten. Epeus hie de bynamme 'de wite Cats', syn broer Martinus wie 'de swarte Cats'.[2] It Manger Catsperk yn Drachten is nei de beide broers neamd.

Yn 1868 joech Manger Cats it boargemastersskip oer en ferfear nei Grins. Dêr kaam er yn 1896 yn de âldens fan 73 jier te ferstjerren.

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.