Rjochtsgeleardheid is de wittenskip fan it rjocht. By wittenskip moat lykwols ûnderskied makke wurde tusken wittenskip dy't basearre is op waarnimming of proefûnderfynlik ûndersyk, en oan de oare kant geleardheid dy't mei ynterpretaasje en belêzenheid wurket. Rjochtsgeleardheid is mear de twadde foarm fan wittenskip. Se bestiet yn belêzenheid yn de juridyske literatuer en feardichheid om it dêryn learde ta te passen op de feiten. De Romeinen, dy't in tige wichtich oandiel hân hawwe yn de ûntwikkeling fan it rjochtslearde tinken, sprutsen leafst fan in "ars", ("ambacht" of "kunde").

Yn Nederlân kin rjochtsgeleardheid studearre wurde oan de measte universiteiten. De universitêre stúdzje rjochtsgeleardheid wurdt yn de folksmûle faak rjochten neamd. Wa't it doktoraaldiploma rjochten helle hat, mei him Master of Laws (LL.M.) neame. Dêrneist mei de klassike titel master yn de rjochten (mr.) brûkt wurde. By guon stúdzjerjochtings waard lykwols oplaat ta doktorandus (drs.). Ien dy't net de masteroplieding ôfmakke hat, mar wol it bachelor-diel, mei him Bachelor of Laws (LL.B.) neame. Dizze titel is hast fergelykber mei it eardere "kandidaats-eksamen".

De útdrukking rjochten komt út it universitêr ûnderwiis yn de midsiuwen doe't men oan de juridyske fakulteiten sawol yn it Romeinsk rjocht as it kanonyk rjocht studearje koe. Men koe dan ek de graad fan doktor yn de beide rjochten, doctor utriusque iuris, helje.

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.