De Enoch Kry Naasje (Ingelsk: Enoch Cree Nation; Kry: ᒪᐢᑫᑯᓯᐦᐠ, Maskêkosihk), foarhinne de Enoch Yndianetroep (Ingelsk: Enoch Indian Band) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei eigen reservaten yn it sintrale part fan 'e provinsje Alberta. De Enoch Kry Naasje bestiet út etnyske Kry (Cree) en is ferneamd nei it njoggentjinde-iuwske opperhaad Enoch Lapotac. It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn it plak Enoch.

Fluch de feiten
Enoch Kry Naasje
IngelskEnoch Cree Nation
lânseigenᒪᐢᑫᑯᓯᐦᐠ (Maskêkosihk)
flagge
Thumb
algemiene ynformaasje
lân Kanada
provinsje Alberta
haadkertierEnoch (Alberta)
etnisiteitKry (Cree)
ledetal2.100 (2018)
oprjochting1842
statuserkend
erkenning Kanada
reservaat
reservaatEnoch Kry Naasje
   Reservaat 135

Enoch Kry Naasje
   Reservaat 135A
lokaasjesintraal Alberta
oerflak>52 km²
ynwennertal987 (2011)
offisjele webside
www.enochnation.ca
kaart
Thumb
Enoch Kry Naasje
Lokaasje yn Alberta.
Slute

Skiednis

It ierst bekende opperhaad fan wat de Enoch Kry Naasje wurde soe, wie Lapotac (1820-1861), waans namme "De Jager" betsjut. Hy wie nei alle gedachten fan in troep dy't de Strongwood-Kry neamd waard, en dy't de krite fan 'e Beverheuvels al bewennen sûnt 1670. Yn 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw kaam de troep nei de namme fan it opperhaad bekend te stean as de Lapotac-troep. Yn 1842 waard de Lapotac-troep formeel erkend. De leden fan 'e troep hiene in wichtige rol yn 'e pelshannel fan 'e Kry mei de Britske Hudsonbaaikompanjy. It gie dêrby benammen om pelzen fan 'e Kanadeeske bever. Dêrnjonken waard jage op 'e Amerikaanske bizon mei gebrûk fan bizonfâlen.

Yn 1877 ûndertekene opperhaad Thomas Lapotac, de soan en opfolger fan Lapotac, it Ferdrach Nû. 6 by gearkomsten yn Fort Edmonton op 9 augustus en yn Blackfoot Crossing op 25 septimber. Dat ferdrach wie ien fan 'e saneamde Nûmere Ferdraggen tusken it Britske koloniale regear fan Kanada en ferskate groepen Yndianen.

Nei't Thomas Lapotac yn 1883 kaam te ferstjerren, waard er opfolge troch syn broer Enoch Lapotac, nei wa't de Enoch Kry Naasje ferneamd is. Dyselde akseptearre yn septimber 1884 in reservaat dat bestie út in oansjenlik diel fan it tradisjonele grûngebiet fan syn troep. Yn 1894 sleaten 79 leden fan 'e Pahs-Pahs-Chase-troep har formeel oan by de Enoch-troep. Yn 1902 en 1908 waard yn twa stappen likernôch 62 km² fan 'e grûn fan 'e Enoch-troep ôfpakt, sadat harren reservaat yn twaen spjalte waard en mei likernôch de helte fan it oerflak belune.

Thumb
It logo fan 'e Enoch Kry Naasje.

Yn oktober 2006 iepene de Enoch Kry Naasje it River Cree Casino and Resort, in kasino, hotel en sportkompleks wêrfan't de bou C$210 miljoen koste hie. Anno 2018 fiert de Enoch Kry Naasje ûnderhannelings mei it Kanadeeske regear oer de skikking fan lânoanspraken op gebiet dat foar 1902 ta it reservaat hearde, en teffens oer kompinsaasje foar it gebrûk troch it Ministearje fan Definsje fan in diel fan it oerbleaune reservaat as in militêr oefenterrein ûnder de Twadde Wrâldoarloch.

Geografy en reservaat

De Enoch Kry Naasje is sitewearre yn it sintrale diel fan 'e Kanadeeske provinsje Alberta, fuort westlik fan 'e provinsjale haadstêd Edmonton. De stamme hat twa Yndianereservaten: it Enoch Kry Naasje Reservaat 135 (foarhinne: Stony Plain Reservaat 135), dat tsjin 'e stedsrâne fan Edmonton oan leit, mei in oerflak fan 51,6 km², en it folle lytsere Enoch Kry Naasje Reservaat 135A (foarhinne: Stony Plain Reservaat 135A), súdlik fan it stedsje Barrhead.

Demografy

De leden fan 'e Enoch Kry Naasje besteane út etnyske Kry (Cree), in Algonkwynsktalich folk dat de grutste Yndiaanske etnyske groep fan Kanada is. De Kry fan 'e Enoch Kry Naasje kinne etnografysk spesifiker omskreaun wurde as Flakte-Kry. Yn 2008 hie de Enoch Kry Naasje 2.075 leden. Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 wennen dêrfan doe 987 yn it Enoch Kry Naasje Reservaat 135, wylst it Enoch Kry Naasje Reservaat 135A ûnbewenne wie en allinnich brûkt waard foar jacht en fiskjen. De befolkingstichtens fan it Enoch Kry Naasje Reservaat 135 bedroech sadwaande yn 2011 19,1 minsken de km². Fan alle leden fan 'e stamme wennen 48,4% yn it eigen reservaat.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.