Emese Hunyady
From Wikipedia, the free encyclopedia
Emese Hunyady (Bûdapest, 4 maart 1966) is in earder Hongaarsk-Eastenryksk reedrydster. Nei't se yn 1985 boaske mei har Eastenrykske trainer Thomas Németh (in skynhoulik om Hongarije te ûntflechtsjen) kaam se fan 1986 ôf út foar Eastenryk[1]. Letter krige se in relaasje mei de Finske reedrider Timo Järvinen.
Fluch de feiten
Emese Hunyady | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Emese Hunyady | |
nasjonaliteit | Eastenryksk Hongaarsk | |
bertedatum | 4 maart 1966 | |
berteplak | Bûdapest | |
etnisiteit | Hongaarsk | |
lingte | 1.67 m | |
gewicht | 65 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Reedriden | |
ûnderdiel | Langebaan | |
O.S. | Sarajevo 1984, 1988 Calgary, Tignes-Albertville 1992, Lillehammer 1994 Nagano 1998 Salt Lake City 2002 | |
debút | 1981 | |
karriêre-ein | 2002 | |
wichtige prestaasjes | ||
1x goud Olympyske Spullen 1994 1x sulver Olympyske Spullen 1994 2x brûns Olympyske Spullen 1992 1x goud WK Allround 1994 2x Sulver WK Allround 1992, 1993 |
Slute
Hunyady die achtjin kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, sechstjin kear oan it Europeesk kampioenskip en seis kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1984, 1988, 1992, 1994, 1998 en 2002). Sy waard by dizze kampioenskippen ien kear wrâldkampioen, ien kear Europeesk kampioen allround en ien kear Olympyske kampioen. Sy waard ek ien kear Hongaarsk, en fiif kear Eastenryksk allround kampioen.