From Wikipedia, the free encyclopedia
In gouden(e) medalje is de heechste medalje dy't útrikt wurdt foar in prestaasje op net-militêr mêd. Sokke ûnderskiedings binne benammen ferbûn mei de sport. De namme komt fuort út it feit dat der alteast in fraksje goud (meast yn 'e foarm fan blêdgoud) oan dizze medaljes tafoege is, en om't sa'n medalje de kleur fan goud hat. It komt mar selden foar dat 'goudene medaljes' wier fan poer goud binne; de measten binne ynstee ferguld, sa't dat bygelyks it gefal is mei de goudene medaljes dy't útrikt wurde op 'e Olympyske Spullen en mei de medaljes dy't by de Nobelprizen hearre.
It idee om foar de heechste prestaasje in goudene medalje út te rikken ûntstie yn it leger, dêr 't al yn 'e Midsiuwen de heechste ofsieren rangûnderskiedingstekens fan goud hiene. Ek it útrikken fan goudene ûnderskiedings as symboal foar de talitting ta ridderoarders ûntstie yn datselde tiidrek. Sûnt de achttjinde iuw wurde der ek goudene medaljes útrikt foar prestaasjes op it mêd fan 'e skiene keunsten, bygelyks troch de Keninklike Deenske Akademy.
Pas oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw waard dit gebrûk oernommen troch de sportwrâld. Dêrby moat oantekene wurde dat der foar de earste plakken op 'e Olympyske Spullen fan 1896, yn Atene, sulverne medaljes útrikt waarden. De goud-sulver-brûns-hierargy foar earste, twadde en trêde plakken waard pas ynfierd op 'e Olympyske Spullen fan 1904, yn St. Louis. Neitiid waard dat systeem oernommen troch alle oare sporteveneminten
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.