Els Perdok
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
Els Perdok (folút: Elsina Perdok-Van Bon; Skiermûntseach, 2 july 1925[1] – Feanwâlden, 8 novimber 2017) wie in Frysk wurdboekgearstalster, dichteresse en publisiste yn it Skiermûntseagerske dialekt.
Els Perdok | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Elsina (Els) Perdok-Van Bon | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 2 july 1925 | |
berteplak | Skiermûntseach (doarp) (Skiermûntseach) | |
stoarn | 8 novimber 2017 | |
stjerplak | Feanwâlden (Dantumadiel) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Skiermûntseagersk | |
sjenre | poëzij, non-fiksje, wurdboek | |
bekendste wurk(en) | Woordenboek Nederlands- Schiermonnikoogs | |
jierren aktyf | ±1990 – ? |
Yn 'e njoggentiger jierren stalde hja in nije wurdlist fan it Skiermûntseagersk gear, dy't úteinlik nei in jier as njoggen yn 2001 yn útwreide foarm op it eilân publisearre waard as it 400 siden tellende Woordenboek Nederlands-Schiermonnikoogs, by de Kultuerhistoaryske Feriening 't Heer en Feer. Foar de tastânkomming fan it tritichtûzen wurden tellende Eilander Wezzenbúek, gearstald troch Willem Visser en Siebren Dyk, dat yn 2002 by de Fryske Akademy útkaam, is û.m. gebrûk makke fan Perdok har wurdlisten. Fierders publisearre Perdok oer har dialekt en skreau se der ek gedichten yn. Hja wie de suster fan 'e Skiermûntseager 'trûbadoer' Henriëtte Pieperiet-Van Bon.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.