Edwert fan Bruce (hege kening fan Ierlân)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Edwert fan Bruce (Ingelsk: Edward Bruce, Normandysk-Frânsk: Edward de Brus; Skotsk-Gaelysk: Iomhair Bruis; Iersk: Edubard a Briuis; Kastiel fan Turnberry (Skotlân), ±1279 – Faughart (Ierlân), 14 oktober 1318) wie in Skotsk ealman dy't oan heitekant ek fan Normandysk en Iersk etnysk komôf wie. Hy wie in jongere broer fan 'e ferneamde Skotske kening Robert I, en focht mei yn 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen tsjin Ingelân. Sa joech er û.m. lieding oan 'e Skotske ynfaazje fan (it troch de Ingelsen bestjoerde) Ierlân, en wied er koart hege kening fan Ierlân. Hy sneuvele yn 1318 yn 'e Slach by Faughart.
Fluch de feiten
Edwert fan Bruce | ||
![]() | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | ±1279 | |
berteplak | Kastiel fan Turnberry (Skotlân) | |
stjerdatum | 14 oktober 1318 | |
stjerplak | Faughart (Ierlân) | |
dynasty | Hûs Bruce | |
etnisiteit | ![]() ![]() ![]() | |
hege kening fan Ierlân | ||
regear | 1316 – 1318 | |
foargonger | amt fakant | |
opfolger | amt fakant | |
greve fan Carrick | ||
amtsperioade | ±1311 – 1318 | |
foargonger | Robert VII | |
opfolger | Robert VII (op 'e nij) |
Slute