Skotlân
From Wikipedia, the free encyclopedia
Skotlân (Ingelsk: Scotland, útspr.: ['skɒtlənd]; Skotsk: Scotland, útspr.: ['skɔtɫənd]; Skotsk-Gaelysk: Alba, útspr.: ['al̪ˠapə]) is in dielútmeitsjend lân (constituent country) fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân. It hat sûnt 1999 in beheinde foarm fan selsbestjoer, mei in eigen parlemint en in eigen regear. It gebiet bestiet út 'e noardlike ein fan it eilân Grut-Brittanje, ynkl. in grut tal lytsere eilantsjes foar de westkust (de Hebriden) en yn 'e Noardsee (de Orkney- en de Sjetlâneilannen). Neffens in skatting út 2013 hie Skotlân doe 5.328.000 ynwenners.
Skotlân Scotland / Alba | |
---|---|
flagge | wapen |
Skotsk: In My Defens God Me Defend ("As Ik Ferdigening Brek Bin, Sil My God Ferdigenje") | |
geografyske lokaasje | |
algemien | |
gebietsdiel fan | it Feriene Keninkryk |
pol. status | dielútmeitsjend lân mei selsbestjoer |
haadstêd | Edinburch |
offisjele taal | Ingelsk |
sifers | |
ynwennertal | 5.328.000 (2013) |
befolkingstichtens | 68,0 / km² |
oerflak | 78.387 km² (ynkl. wetter) 76.898 km² (allinnich lân) |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | Britske pûn (£) (GBP) (ynkl. Skotske pûn) |
tiidsône | UTC (S.T. UTC+1) |
tillefoan | +44 |
ynternetekstinsje | .scot (ek .uk) |
webside | www.scotland.org |
Fan 'e Iere Midsiuwen ôf wie Skotlân in ûnôfhinklik keninkryk, it Keninkryk Skotlân, dat gauris yn oarloch wie mei Ingelân, dêr't it yn it suden oan grinzget. Nei't kening Jakobus VI fan Skotlân yn 1603 as Jakobus I op 'e Ingelske troan kaam, waarden de beide lannen lykwols yn in personele uny mei-inoar ferbûn. Dy bân waard yn 1707 omset yn in politike uny, wêrby't Skotlân syn selsstannigens en selsbestjoer ferlear en ûnderdiel waard fan Grut-Brittanje, dat út 'e Ingelske haadstêd Londen wei regearre waard.
Nei ferskate mislearre opstannen yn 'e santjinde en achttjinde iuw wiene de Skotten twongen om har ûnder it Britske bewâld del te jaan, mar sûnt de ein fan 'e tweintichste iuw is der yn it lân in sterke ûnôfhinklikheidsbeweging ûntstien, dy't oanfierd wurdt troch de nasjonalistyske partij SNP. Yn 2014 waard foar it earst in referindum oer ûnôfhinklikheid holden, wêrby't 45% fan 'e Skotten foar stimde.