Robert I fan Skotlân
From Wikipedia, the free encyclopedia
Robert I, ek wol bekend as Robert de Bruce, mei as alternative stavering Robert the Bruce (Midsiuwsk Skotsk-Gaelysk: Roibert a Briuis; modern Skotsk-Gaelysk: Raibeart Bruis; Normandysk-Frânsk: Robert de Brus; Skotsk: Robert Brus; Kastiel fan Turnberry, 11 july 1274 – Dumbarton, 7 juny 1329) wie kening fan Skotlân fan 1306 oant syn dea yn 1329. Hy wie fan Normandysk-Skotske adel en waard beskôge as ien fan 'e kundichste legeroersten fan syn generaasje. Robert klom ûnder de Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen tsjin 'e Ingelsen op ta lieder fan 'e Skotten, en wist úteinlik de selsstannigens fan syn heitelân mei trijehûndert jier te ferlingjen. Hy wurdt noch altyd beskôge as ien fan 'e nasjonale helden fan Skotlân.
Fluch de feiten
Robert I fan Skotlân | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Skotsk | |
bertedatum | 11 july 1274 | |
berteplak | Kastiel fan Turnberry (Skotlân) | |
stjerdatum | 7 juny 1329 | |
stjerplak | Dumbarton (Skotlân) | |
dynasty | Hûs Bruce | |
etnisiteit | Normandysk Skotsk Iersk | |
kening fan Skotlân | ||
regear | 1306 – 1329 | |
foargonger | Jan | |
opfolger | David II | |
greve fan Carrick | ||
regear | 1318 – 1324 | |
foargonger | Edwert | |
opfolger | David | |
greve fan Carrick | ||
regear | 1292 – ±1311 | |
foargonger | Marjorie | |
opfolger | Edwert | |
hear fan Annandale | ||
regear | 1304 – 1312 | |
foargonger | Robert VI | |
opfolger | Tomas |
Slute
- Dizze side giet oer Robert Bruce, Robert de Bruce of Robert fan Bruce, de kening fan Skotlân. Foar oare betsjuttings, sjoch: Robert Bruce (betsjuttingsside).