![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/c/c8/Aekingerzand_Nationaal_Park_Drents-Friese_Wold4.jpg/640px-Aekingerzand_Nationaal_Park_Drents-Friese_Wold4.jpg&w=640&q=50)
Eaststellingwerf
From Wikipedia, the free encyclopedia
Eaststellingwerf (Nederlânsk en offisjeel: Ooststellingwerf; Stellingwerfsk: Ooststellingwarf) is in gemeente yn it súdeasten fan Fryslân, mei in oerflak fan 226,11 km², wêrfan 2,69 km² wetter. De gemeente hat 25.914 ynwenners (1 jannewaris 2024).[2]
Eaststellingwerf | |
---|---|
![]() It Aekingersân yn it Nasjonaal Park It Drintsk-Fryske Wâld. | |
flagge | wapen |
![]() |
![]() Wapen fan Eaststellingwerf |
lokaasje | |
![]() | |
polityk | |
lân | ![]() |
provinsje | ![]() |
boargemaster | Jack Werkman (VVD[1] |
sifers en geografy | |
haadplak | Easterwâlde |
grutste plak | Easterwâlde |
ynwennertal | 25.914 (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 114 / km² |
oerflak | 226,11 km² |
● wêrfan lân | 223,42 km² |
● wêrfan wetter | 2,69 km² |
tal doarpen | 13 |
ferkearsieren | N381, N351, N380 |
skiednis | |
oprjochte | 1851 |
oant 1851 | ![]() |
oar | |
netnûmer | 0516 |
postkoade | 8421–8435 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.ooststellingwerf.nl |
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/3/30/Gem-Ooststellingwerf-OpenTopo.jpg/640px-Gem-Ooststellingwerf-OpenTopo.jpg)
Eaststellingwerf foarmet tegearre mei Weststellingwerf de Stellingwerven. De gemeente leit oan de grins mei Drinte; op dizze grins leit it nasjonaal park it Drintsk-Fryske Wâld, dêr't grutte bosken lizze en in sânferstowing, dy't it Aekingersân of de Keale Duinen neamd wurdt. It heechste punt yn de gemeente is de op 26,6 m lizzende top fan de Boskberch, ek flakby Appelskea. Oan de eastkant fan de gemeente, tusken Appelskea en Feanhuzen leit it Fochtelerfean. De rivieren de Lende en de Tsjonger ûntspringe yn dizze gemeente.