De Deputearre Steaten is it deistich bestjoer fan in Nederlânske provinsje. De leden, deputearren, wurde foar in perioade fan fjouwer jier keazen troch de Provinsjale Steaten. Eltse deputearre hat syn eigen taakgebiet(en). De Deputearre Steaten wurde foarsitten troch de Kommissaris fan de Kening.
Sûnt maart 2003 binne de deputearren gjin lid mear fan de Provinsjale Steaten. It tal deputearren fariearret per provinsje, de measten ha 6 of 7.
Beskriuwing
It kolleezje fan Deputearre Steaten foarmet it deistich bestjoer fan de provinsje. De deputearren wurde troch de Provinsjale Steaten foar in tiidrek fan fjouwer jier keazen. Hja stappe tagelyk op as de leden fan de Provinsjale Steaten. Sûnt maart 2003 binne de deputearren net mear lid fand e Provinsjale Steaten. It tal deputearren fariearret de provinsje. Yn Flevolân binne der fjouwer, de measte oare provinsjes hawwe der seis of sân. De foarsitter fan it kolleezje fan Deputearre Steaten is de Kommissaris fan de Kening. Yn it kolleezje hawwe alle deputearren syn eigen taakmêd of portefúlje, lykas romtlike oardering, ferkear en ferfier, natoer en miljeu, wolwêzen en kultuer. Deputearren hawwe as wichtichste mêd it tarieden en útfieren fan besluten fan Provinsjale Steaten. Deputearre Steaten fiere in grut tal regelings fan de Ryksoerheid út, de saneamde meibewâldstaak. Dêrnjonken hawwe se in koördinearjende en planjende funksje en taken as it tafersjoch op de gemeentebestjoeren. De deputearren binne ferplichte oer alle ûnderdielen fan harren belied ynljochtingen oan Provinsjale Steaten te jaan. Dat is d esanemade ferantwurdings- of ynformaasjeplicht. De deputearren kinne ynformaasje oan Provinsjale Steaten ûntkeare, as it frijjaan dêrfan yn striid is mei it iepenbier belang. As in deputearre de frege ynformaasje net jaan wol wylst it iepenbier belang net yn gefaar is, dan kinne Provinsjale Steaten him of har dien jaan. In deputearre kin sels ek yn syn tiid ûntslach nimme. It plak dat dêrtroch iepen falt kin dan oer it algemien opfolle wurde troch in oar Steatelid fan deselde politike partij.
Politike gearstalling
Provinsje | Politike gearstalling Deputearre Steaten | ||||
---|---|---|---|---|---|
2003–2007 | 2007–2011 | 2011–2015 | 2015–2019 | 2019–2023 | |
Fryslân | CDA, PvdA, VVD | CDA, PvdA, CU | PvdA, CDA, FNP | CDA, VVD, FNP, SP | CDA, VVD, FNP, PvdA |
Grinslân | PvdA, CDA | PvdA, CDA, CU | PvdA, VVD, D66, GL | SP, D66, CDA, GL, CU | GL, PvdA, VVD, CU, CDA, D66 |
Drinte | PvdA, VVD | PvdA, VVD, CU | PvdA, VVD | VVD, PvdA, CDA, CU | PvdA, VVD, CDA, GL, CU |
Oerisel | CDA, PvdA, VVD | CDA, PvdA, VVD | CDA, VVD, CU, SGP | CDA, VVD, D66, CU | CDA, VVD, PvdA, CU, SGP |
Flevolân | PvdA, VVD, CDA | VVD, CDA, PvdA | VVD, PvdA, CDA, CU | 1. VVD, CDA, D66, SP 2. VVD, CDA, D66, PvdA, CU | VVD, GL, CDA, PvdA, CU, D66 |
Gelderlân | CDA, PvdA, VVD | CDA, PvdA, CU | VVD, PvdA, CDA, D66 | VVD, CDA, D66, PvdA | PvdA, CDA, VVD, GL, CU |
Utert | CDA, PvdA, VVD | CDA, VVD, CU | VVD, CDA, D66, GL | VVD, CDA, D66, GL | GL, D66, CDA, PvdA, CU |
Noard-Hollân | VVD, CDA, D66, GL | VVD, PvdA, CDA, GL | VVD, PvdA, D66, CDA | VVD, D66, PvdA, CDA | GL, VVD, D66, PvdA |
Súd-Hollân | PvdA, CDA, VVD | CDA, VVD, PvdA, CU-SGP | VVD, CDA, SP, D66 | VVD, CDA, SP, D66 | VVD, CU-SGP, GL, PvdA, CDA |
Seelân | CDA, PvdA, VVD, SGP | CDA, SGP, CU, GL | VVD, PvdA, CDA, SGP | VVD, PvdA, CDA, SGP | CDA, VVD, SGP, PvdA |
Noard-Brabân | CDA, PvdA, VVD | CDA, VVD, PvdA | VVD, CDA, SP | VVD, SP, D66, PvdA | 1. VVD, CDA, GL, D66, PvdA 2. VVD, (FVD), CDA, Lokaal Brabant |
Limburch | CDA, PvdA, VVD | CDA, PvdA | 1. PVV, CDA, VVD 2. CDA, VVD, PvdA | VVD, CDA, SP, D66, PvdA | 1. {CDA, FVD, PVV, VVD, GL, Lokaal-Limburg} 2. {CDA, VVD, GL, PvdA, D66, Lokaal-Limburg} |
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.