De Nacht (boek fan Elie Wiesel)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Nacht, yn it oarspronklike Frânsk: La Nuit, is in boek fan 'e hân fan 'e Joadsk-Amerikaanske skriuwer, heechlearaar, polityk aktivist en Nobelpriiswinner Elie Wiesel (1928). It is syn autobiografysk tsjûgenis oer syn ûnderfinings út 'e jierren 1944 en 1945, doe't er, oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch, deportearre waard en op it hichtepunt fan 'e holokaust yn 'e Dútske konsintraasjekampen Auschwitz en Buchenwald bedarre. La Nuit waard foar it earst útjûn yn 1958; de Fryske oersetting fan Jacobus Knol kaam út yn 1995.
Fluch de feiten
De Nacht | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | La Nuit | |
auteur | Elie Wiesel | |
taal | Frânsk | |
foarm | autobiografy | |
sjenre | holokaustliteratuer | |
1e publikaasje | 1958, Parys | |
oarspr. útjwr. | Les Éditions de Minuit | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Nacht | |
publikaasje | 1995, Dokkum | |
útjouwer | KFFB | |
oersetter | Jacobus Knol | |
ISBN oers. | 9 07 49 18 069 |
Slute