Parys
From Wikipedia, the free encyclopedia
Parys (Frânsk: Paris) is de haadstêd en grutste stêd fan Frankryk. Tagelyk is it de haadstêd fan de regio Île-de-France, de regio mei de measte ekonomyske aktiviteit fan Frankryk. De bynamme fan Parys is de Ljochtstêd (la Ville Lumière). De romantyske reputaasje fan Parys ferklearret foar in part dat elts jier 30 miljoen besikers nei de Frânske haadstêd tôgje. De rivier de Seine snijt de stêd yn twa-en mar beide parten binne middels stikmannich brêgen en in wiidweidich metrosysteem mei mekoar ferbûn.
Fluch de feiten
Parys | ||
Polityk | ||
Lân | Frankryk | |
Regio | Île-de-France | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.220.445 ynwenners (2014) | |
Oerflak | 105,4 km² | |
Befolkingsticht. | 20.980 km² | |
Stêdekloft | 12.405.426 ynwenners (2014) | |
Hichte | 33 m. (28–130 m.) boppe seenivo | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 48°52′ N, 2°19′ E | |
Offisjele webside | ||
www.paris.fr |
Slute
De Stêd Parys hat 2.220.445 (2014) ynwenners, de stêdekloft Parys wurdt bewenne troch 12.405.426 minsken (2014).