From Wikipedia, the free encyclopedia
De Curtiss SB2C Helldiver wie in fleandeksip ôf operearjende dûkbommesmiter fan de Amerikaanske marine yn de Twadde Wrâldkriich. It tastel ferfong de Douglas SBD Dauntless by de US Navy. Nettsjinsteande syn gruttere ôfmjittingen, koe de SB2C folle hurder as de SBD. De fleanders joegen de Helldiver de bynamme Big-Tailed Beast (of allinne Beast),[1] Two-Cee en Son-of-a-Bitch 2nd Class (nei de typeoantsjutting, mar ek fanwege guon minne fleaneigenskippen, benamme by it opstigen en lânjen).[2] It like wol dat sawol piloten as seelju net oer it tastel mochten.[3]
Curtiss SB2C Helldiver | |
---|---|
Rol | Dûkbommesmiter |
Makkers | Curtiss Wright Fairchild (Kanada) (SBF), Canadian Car & Foundry (SBW) |
Untwerper | Don R. Berlin |
Earste flecht | 18 desimber 1940 |
Yn tsjinst | Desimber 1942 |
Ut tsjinst | 1959 (Italjaanske Loftmacht) |
Tal makke | 7.140 (1943–1945) |
Brûkers | United States Navy, United States Army Air Forces, Frânske Loftmacht, Keninklike Taiske Loftmacht |
Farianten | Curtiss SB2C 3, Curtiss SB2C 4, Curtiss SB2C 4E, Curtiss SB2C 5, Curtiss SB2C 6 |
Salang at de Helldiver tsjinne hat, wiene der swierrichheden en fertragingen by de produksje. Op 11 Novimber 1943 waard de Helldiver foar it earst by in oanfal ynset, wylst it prototype yn novimber 1940 al fleach. Rillegau waard der doe lykwols fan de gefjochtspotinsje fan tastel grute.[4]
De produksje heakke geregeldwei; doe't 900 tastellen as A-25 Shrike oan de USAAF levere waarden, hienen sy der dêr al gjin ferlet mear fan. Grutte oarders fan de Britske Keninklike Marine (26, dy't net brûkt binne) en de Australyske Loftmacht waarden ôfsein fanwege minne fleankarakteristiken.
It Truman Committee ûndersocht de produksje fan de Helldiver en kaam mei in ferneatigjend rapport , wat it begjin fan de ein fan Curtiss betsjutte. Nettsjinsteande alle swierrichheden, waarden yn de lêste twa jier fan de oarloch yn de Pasifyk goede resultaten helle troch de yngeande trening fan de bemanningen.[3]
Totaal binne der 7.140 eksemplaren fan boud.
Te ferlykjen fleanmasines:
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory SB2C Helldiver fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.