Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Douglas SBD Dauntless wie in Amerikaanske dûkbommesmiter yn de Twadde Wrâldkriich. De SBD wie de wichtichste dûkbommesmiter fan de Amerikaanske marine tusken mids 1940 oant neijier 1943, doe't it foar it grutste part ferfongen waard troch de SB2C Helldiver. It tastel hat ek tsjinne by it Amerikaanske leger ûnder de namme A-24 Banshee
Douglas SBD Dauntless | |
---|---|
Rol | Dûkbommesmiter, ferkenner |
Makker | Douglas Aircraft Company |
Untwerper | Ed Heinemann |
Earste flecht | 1 maaie 1940 |
Yn tsjinst | 1940 |
Ut tsjinst | 1959 (Meksiko) |
Tal makke | 5.936 (1940-1944) |
Brûkers | United States Navy, United States Marine Corps, Forces aériennes françaises libres |
It yn 1940 al wat ferâldere type wie deugdsum en betrouber, mar wol wat stadich en soe út produksje naam wurde; dat gie oer doe't de Japanners Pearl Harbor oanfoelen. Utsein de Helldiver, hat gjin oar type fleanmasine mear Japanske skippen ta sinken broch as de Dauntless.[1]
Apart oan de Dauntless wie de perforearre leiwjuk dy't by it dûken delklapt waard sadat de faasje fermindere en de stabiliteit grutter waard. De grutte bom hong oan in hingsel ûnder de romp dy't krekt foar it smiten nei bûten draaide en sa de bom út de propeller hold.
Mei oare Amerikaanske oanfalsfleanmasines waard ek de Douglas SBD Dauntless ynset tsjin de opstomende Japanske float yn de Slach by Midway. Harren oanfallen wienen fral rjochte op de fjouwer Japanske fleandekskippen, de Kaga, Akagi, Soryu en de Hiryu. Nettsjinsteande de stipe fan Grumman F4F Wildcat-jagers waarden in protte Dauntless-tastellen delhelle troch it loftôfwargeskut fan de float en de manoevrearbere Zero's, dy't ek folle hurder fleane koenen. Dochs hawwe sy de fjouwer fleandekskippen goed rekke en wie de skea grut omdat De Amerikanen oanfoelen op it stuit dat fleantúgen oan dek laden en bytankt waarden. De oan dek klearlizzende bommen en benzinefetten eksplodearren mei fataal gefolch.
De Akagi waard swier skansearre, it wapendepot fan de Kaga ûntplofte en de Hiryu baarnde as in fakkel. De Japanners besochten de baarnende Soryu nei Japan te slepen, mar op 7 juny 1942 waard it skip rekke troch in torpedo fan in Amerikaanske ûnderseeër.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.