From Wikipedia, the free encyclopedia
Blankenham is in dykdoarp yn de gemeente Stienwikerlân yn de Nederlânske provinsje Oerisel. It doarp leit oan de âlde Suderseedyk tusken De Kúnder en Bloksyl en hjoed-de-dei op de grins fan it âlde lân en it nije lân fan de Noardeastpolder. It doarp leit ek tichteby it Nasjonaal Park De Weerribben.
Blankenham | ||
Tsjerke fan Blankenham | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Stienwikerlân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 320 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oerflak | 13,47 km² wêrfan 13,11 km² lân 0,36 km² wetter | |
Befolkingsticht. | 24 ynw. / km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 46' N 5° 54' E | |
Offisjele webside | ||
http://dijkdorpblankenham.nl | ||
Kaart | ||
Blankenham hat 320 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Blankenham wie oarspronklik part fan it dykdoarp Iselham dat hieltyd mear yn twaen begûn te spjalten. In part fan it doarp ferpleatste him nei it westen en in part nei it easten. Ut de pleatsen dy't nei it westen ferhuzen, ûntstie de buorskip in den Hamme. De biskop fan Utert, Freark fan Blankenheim joech dy buorskip op 26 juny 1418 tastimming en stiftsje syn eigen tsjerke doe't de buorskip him fan Iselham ôfskate, om't de ôfstân nei de karspeltsjerke fan Iselham te grut waard. De buorskip waard letter Blankenham, nei de biskop, neamd. De biskop hjitte fierders dat it kollaasjerjocht fan de karspeltsjerke oan de fabryksmasters en de pastoar fan Iselham takaam. De tsjerke waard yn 1571 oan de hillige Nikolaas wijd.
De befolking fan it doarp bestie iuwenlang út feeboeren en fiskers.
Blankenham waard it slachtoffer fan ferskate stoarmfloeden oant yn de 19e iuw. Yn 1776 en 1825 binne der grutte oerstreamings yn it gebiet. De stoarmfloed fan 1825 feroarsaket in soad skea yn Blankenham, allyk yn it noardwesten fan Oerisle en it súdwesten fan Fryslân. In grut part fan it doarp waard fuortspield, 29 huzen en pleatsen rekken fernield.[2]
Yn 1942 waard de Noardeastpolder drûchmakke. Dat soarge foar in grutte feroaring foar it doarp. Oan ien kant wie it in ferbettering foar de feiligens, mar oan oare kant omreden de polder tsjin it âlde lân oan kaam te lizzen foar ferdrûging fan de grûn itjinge fersakkings feroarsake.
Fan 1811 oant 1818 hearde Blankenham by de gemeente De Kûnder. Fan 1818 oant 1973 wie it in selsstannige gemeente. Dêrnei waard er mei Aldemerk en De Kúnder gearfoege ta de gemeente Iselham. Yn 2001 waard dy gemeente part fan de nije fúzjegemeente Stienwikerlân.
Doarpshûs De Skulpe is it doarpshûs en moetingsintrum fan it doarp.
De protestantske gemeente Blankenham wurket in soad mei de gemeente fan buordoarp De Kúnder, mar is noch wol in selsstannige gemeente.
=== Ferienings ===
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.