De bjirkemûzen (wittenskiplike namme: Sicista) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e jerboä's (Dipodidae) en de lyknammige ûnderfamylje fan 'e bjirkemûzen (Sicistinae) dy't mar ien skaai telt. Ta dit skaai hearre 13 soarten lytse kjifdieren dy't sterk op mûzen lykje, mar dat gjin echte mûzen binne. Bjirkemûzen ûnderskiede har troch in lange sturt en tige lange efterpoaten, dêr't se opmerklike fier mei springe kinne. Se komme foar yn Jeraazje. De bekendste soarte út it skaai is de (gewoane) bjirkemûs (Sicista betulina), dy't û.m. yn Denemark en Noard-Fryslân libbet, mar net yn 'e Benelúks.

Fluch de feiten
Bjirkemûzen
Thumb
De (gewoane) bjirkemûs.
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:sûchdieren (Mammalia)
skift:kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift:mûzen en jerboä's (Myomorpha)
boppefamylje:jerboä's (Dipodoidea)
famylje:jerboä's (Dipodidae)
ûnderfamylje:bjirkemûzen (Sicistinae)
skaai:bjirkemûzen (Sicista)
Gray, 1827
Slute

Soarten

  • skaai bjirkemûzen (Sicista)
    • Altaibjirkemûs (Sicista napaea)
    • Armeenske bjirkemûs (Sicista armenica)
    • bjirkemûs (Sicista betulina)
    • grize bjirkemûs (Sicista pseudonapaea)
    • Kaukazyske bjirkemûs (Sicista caucasica)
    • Kazbegbjirkemûs (Sicista kazbegica)
    • Kirgizyske bjirkemûs (Sicista tianshanica)
    • Klutsjorbjirkemûs (Sicista kluchorica)
    • langsturtbjirkemûs (Sicista caudata)
    • severtzovbjirkemûs of Severtzovs bjirkemûs (Sicista severtzovi)
    • Sineeske bjirkemûs (Sicista concolor)
    • strandbjirkemûs of Strands bjirkemûs (Sicista strandi)
    • trijekleurige mûs (Sicista subtilis)

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.