From Wikipedia, the free encyclopedia
Bauhaus is in Britske rockband dy't oer it algemien pleatst wurdt yn it post-punk/gothic-sjenre. Hy waard oprjochte yn 1978 yn Northampton. De band brocht yn 1980 syn debútalbum In the Flat Field út. Yn 1983 waard de band opheft, mar yn 2005 waard in trochstart makke, om yn 2008 der wer mei op te hâlden. Fanôf 2019 is de band wer aktyf. Bauhaus hat fiif studio-albums en fjouwer live-albums útbrocht.
De groep waard oprjochte yn Northampton yn 1978. Bauhaus is ûnder mear ynspirearre troch de âlde Bauhaus-keunst en troch David Bowie. Se skoarden kulthits mei ûnder mear Bela Lugosi's Dead, Dark Entries en She's In Parties. Yn 1983 waard de groep ûntbûn. De groepsleden wienen sûnt dy tiid aktyf yn ferskate oare musykprojekten.
Sûnt 1998 wienen der inkele koarte reüny-toernees. Yn de simmer fan 2006 wie de groep op ferskate festifals te sjen. Sa spilen se ûnder mear op it Summer Darkness-festifal en de Lokerske Feesten.
Album | Utbrocht op | Label | Single(s) |
---|---|---|---|
In the Flat Field | 3 novimber 1980 | 4AD | |
Mask | 16 oktober 1981 | Beggars Banquet | Kick in the Eye, The Passion of Lovers |
The Sky's Gone Out | 19 oktober 1982 | Spirit | |
Burning from the Inside | 15 july 1983 | She's in Parties | |
Go Away White | 3 maart 2008 | Bauhaus Music |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.