From Wikipedia, the free encyclopedia
Böhmerwold is in doarp (Ortschaft) yn de Eastfryske gemeente Jemgum yn de Nedersaksyske lânkring Lier. Yn 2008 hie it doarp 56 ynwenners op in oerflak fan 4,73 km².
Böhmerwold | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Lânkring | Lier | |
Gemeente | Jemgum | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 56 (30 novimber 2008) | |
Oerflak | 4,73 km² | |
Befolkingsticht. | 12 / km² | |
Hichte | 0 - 1 m | |
Oar | ||
Postkoade | 26844 | |
Koördinaten | 53° 14′ 2″ NB, 7° 19′ 57″ EL |
Böhmerwold is in streekdoarp yn it Nederreiderlân en leit oan de dyk tusken Marienchor en Weener en Bunde.
It doarp waard foar it earst yn de tsiende iuw as Beddinghem neamd. Dat betsjut "hiem fan Bettinge (Beddinge)". Nei alle gedachten hawwe famyljeleden of dejingen dy't "ta Bette of Bedde hearden" harren dêre nei wenjen setten. Lettere nammen binne Bedmawertha (1409), Bedma hamryk (1447), Bedamewalt (1475) en Bimerwoldt (1599). It efterheaksel -wold yn de namme bestjut sokssawat as greide yn in feangea mei leech beamkeguod.
De yn it tsiende iuw neamde doarp Beddinghem wie mooglik de foargonger fan it hjoeddeistige doarp, dy't foar it earst yn 1409 neamd waard op syn hjoeddeistich plak. It doarp ûntstie nei alle gedachten doe't it fean westlik fan it doarp yn de fjirtjinde iuw oanmakke waard. Bestjoerlik hearde it doarp by it Fryske goa Reiderlân. Yn de lette midsiuwen waarden de bestjoerlike ienheden yn Eastfryslân fannijs yndield en waard Böhmerwold part fan de fâdij Bunde fan it Amt Leerort.
Nei de Slach by Jena yn 1806 waard it Reiderlân op grûn fan Nederlânske oanspraken, út Eastfryslân wei ta it Nederlânske departemint Westeriems yndield. Böhmerwold waard part fan it kanton Jemgum yn it arrondissemint Wynskoat.
Nei de delslach fan Napoleon, waard op it Kongres fan Wenen yn 1815 bepaald dat Eastfryslân, mei it Reiderlân, by it Keninkryk Hannover hearre soe. Böhmerwold waard part fan it Amt Jemgum yn 1817, dy't yn 1859 by de Krite Weener foege waard. Nei't it Keninkryk Hannover part fan Prusen waard, waard it doarp in gemeente (Kommune) yn de Krite Weener, dy't yn 1932 yn de lânkring Lier opgie.
De NSDAP wie al rillegau populêr yn Böhmerwold. By de rykspresidintsferkiezings fan 1932 krige Adolf Hitler mear as 70% fan de stimmen.
Dûmny Heinrich Gerhart Bokeloh wie in fûle tsjinstanner fan de nazys en wie part fan de Bekennenden Kirche. Ut Marienchor wei tsjinne er de gemeente Böhmerwold. Nei't er him kritysk utere oer de Dútske ynfal yn Poalen yn 1939 waard er twongen dien te nimmen en waard er arrestearre. Hy waard nei it konsintraasjekamp Oranienburg brocht dêr't er twaenheal jier fêstsiet.
Nei de Twadde Wrâldkriich naam it doarp in bysûnder grut tal flechtelingen út it easten fan Dútslân op, dy't wol mear as 40% fan de befolking útmakken. Dêr falt út op te meitsjen dat Böhmerwold ekonomysk oanloklik wie.
Op 1 jannewaris 1973 waard Böhmerwold yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling yn Nedersaksen by de gemeente Jemgum yndield.
De tsjerke fan Böhmerwold waard yn 1703 boud. De mei bakstiennen boude tsjerke wie de opfolger fan in earder lyts gebou fan hout en liem. Yn de midsiuwen hearde Böhmerwold tsjerklik ta de proasdij Hatzum yn it bisdom Múnster. Nei de Reformaasje waard de gemeente grifformeard. Sûnt 1936 foarmje Marienchor en Böhmerwold ien tsjerklike gemeente.
Böhmerwold is nei Marienchor it lytste doarp yn de gemeente Jemgum. It doarp hat, lykas in soad plattelânsdoarpen yn East-Fryslân, te krijen mei in befolkingsefterútgong.
|
|
|
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.