From Wikipedia, the free encyclopedia
Albertus Johannes fan Gruisen (Kleinemeer, 1741 - Ljouwert, 25 jannewaris 1824) wie in Nederlânsk oargelbouwer.
Fan Gruisen makke 1776 in oargel foar in tsjerke yn syn berteplak. Yn 1777 neamt oargelist Jacob Wilhelm Lustig syn namme. Yn 1778 ferfear er foar in tal jierren nei Meppel en 1782 festige er him Ljouwert en kaam er yn tsjinst fan de ferneamde oargelbouwer Albertus Antoni Hinsz. As selsstannich oargelmakker boude er fral yn Fryslân tsjerkoargels. Hy wie boaske oan Catharina Willems. Syn soan Willem van Gruisen (1788-1843) gie 1824 fierder mei de firma A. van Gruisen & Zonen. De oargelmakkerij waard yn 1843 oernaam troch Willem Hardorff.
Jier | Plak | Tsjerke | Ofbyld | Oantekenings |
---|---|---|---|---|
1783 | Harns | Sint-Michaeltsjerke | 1868 waard it orgel ferfongen troch in Adema-oargel | |
1784 | Reduzum | Vincentiustsjerke | ||
1786 | Snits | Doperske tsjerke | Oargel yn 1847 útwreide fan J.C. Scheurer | |
1788 | Boalsert | Martinustsjerke | It oargel waard 1876 ferfongen en yn 1934 ferkocht oan de Mariatsjerke yn Helmond (Brouwhuis). | |
1790 | It Hearrenfean | Herfoarme tsjerke (sloopt) | Oargel yn 1861 ferboud troch Van Dam. 1972 oerset yn Marturiatsjerke yn Assen. 2011 oerbrocht nei de tsjerke Real Oratorio del Caballero de Gracia yn Madrid[1] | |
1794 | Ie | Tsjerke fan Ie | Oargel yn 1951 yn tsjerke yn Burgh (Schouwen-Duiveland) pleatst | |
1795 | Hichtum | Tsjerke fan Hichtum | ||
1798 | Ysbrechtum | Tsjerke fan Ysbrechtum | ||
1799 | Jorwert | Sint-Radboudtsjerke | ||
1802 | Reahûs | Sint-Martinustsjerke | Oargel yn 1928 ôfbrutsen | |
1803 | Marsum | Sint-Pontianustsjerke | ||
1805 | Oosternieland | Nicolaastsjerke | ||
1808 | Dokkum | Roomsk-katolike skûltsjerke (Heechstrjitte) | Yn 1923 oerset nei Grifformearde tsjerke yn Boerakker. Yn 2005 nei Wadenoijen. | |
1811 | Hallum | Grutte of Sint-Maartentsjerke | ||
1811 | Jellum | Herfoarme tsjerke | oargel yn 1893 sloopt | |
1811 | Wâldsein | Sint-Michaeltsjerke | Set yn 1840 | |
1819 | Friens | Tsjerke fan Friens | Ingebruikneming te Friens 2001 | |
1820 | Genemuiden | Grutte Tsjerke | Yn 1882 troch brân ferlern gien | |
1821 | Donkerbroek | Grifformearde tsjerke |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.