Abû Bakr al-Bagdadi
From Wikipedia, the free encyclopedia
Abû Bakr al-Bagdadi (Arabysk: أبو بكر البغدادي, folút: Abû Bakr al-Bagdadi al-Koeraisji, sekuere transliteraasje: Abū Bakr al-Baġdadi al-Qurayši), wiere namme: Ibrahim Awad Ibrahim Ali Mohammed al-Badri al-Samarrai (Arabysk: إبراهيم عواد إبراهيم علي محمد البدري السامرائي, sekuere transliteraasje: Ibrahīm ‘Awad Ibrahīm ‘Alī Muḥammad al-Badrī al-Samarraī), (Samarra, 28 july 1971 – Barisja, 27 oktober 2019) wie in Iraaksk terrorist dy't de selsbeneamde "kalyf" wie fan 'e saneamde "Islamityske Steat yn Irak en Syrje" (ISIS). Hy kaam yn juny 2014 oan 'e macht en hie de lieding oer de ekspânsje fan 'e oerhearsking fan syn terroristyske organisaasje oer grutte dielen fan noardwestlik Irak en noardeastlik Syrje. Dêrby wied er ek ferantwurdlik foar de Jezidyske Genoside tsjin 'e Jezidys, in etnysk-religieuze minderheid yn it noarden fan Irak, en de seksuele slavernij fan tûzenen Jezidy-froulju en -famkes. Nei de ûndergong fan ISIS as territoriale macht yn it neijier fan 2017 doek Al-Bagdadi ûnder en liet er net folle mear fan him hearre. Ein oktober 2019 waard syn skûlplak ûntdutsen en binnenfallen troch Amerikaanske kommando's, wêrnei't Al-Bagdadi himsels opblies om finzenskip te ûntrinnen.
Abû Bakr al-Bagdadi | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Iraaksk | |
berne | 28 july 1971 | |
berteplak | Samarra (Irak) | |
stoarn | 27 oktober 2019 | |
stjerplak | Barisja (Syrje) | |
etnisiteit | Arabysk | |
reg. identiteit | Iraaksk-soennitysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | geastlike, teolooch | |
aktyf as | terrorist | |
jierren aktyf | 2003 – 2019 | |
reden bekendheid | selsbeneamde "kalyf" fan 'e saneamde "Islamityske Steat" |