Samarra
From Wikipedia, the free encyclopedia
Samarra (Arabysk:سامراء) is in stêd yn Irak oan de eastigge fan de rivier de Tigris yn de provinsje Salah ad Din, sa'n 125 km benoarden Bagdad. Yn 2002 wennen dêr sa'n 201.700 persoanen. It histoarysk part fan Samarra is 2007 troch UNESCO ta wrâlderfgoed ferklearre.
Samarra | ||
De spiraalminaret fan de Grutte Moskee | ||
Polityk | ||
Lân | Irak | |
Provinsje | Salah ad Din | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 348.700 (2003) | |
Oerflak | km² | |
Oar | ||
Tiidsône | (UTC+3) |
De stêd wie ien fan de grutste Mesopotamyske stêden. Wichtich gebou yn de stêd is de Grutte moskee fan Samarra mei in unike spiraal-minaret, dy't boud is yn 847 doe't Samarra 56 jier lang de haadstêd fan de islamityske wrâld wie, yn de tiid fan it kalifaat fan de Abbasiden.
Samarra stean ek de tombes fan Ali al-Hadi en Hasan al-Askari, efterelkoar de tsiende en alfde sjiïtische Imams. Teffens hat it in timpel foar Mohammed al-Mahdi, de tolfde Imam of de 'Ferhoalen Imam'. De measte sjiieten leauwe dat er yn it ferhoalen bestiet en earst oan de ein fan de tiid wer ferrize sil.