1 en 2 Keningen
From Wikipedia, the free encyclopedia
1 Keningen en 2 Keningen binne twa boeken fan 'e kristlike Bibel; yn it Alde Testamint falle se ûnder de Skiednis en as sadanich foarmje se it 11de en 12de bibelboek (fan 39). De opspjalting yn twa dielen is yn 'e lêste iuw(en) f.Kr. ûntstien by de oersetting fan 'e Hebriuwske tekst nei it Gryksk, en yn 'e Tenach, de joadske Bibel, bestiet dy dan ek net; dêr is Keningen, yn it oarspronklike Hebriuwsk: מלכים, Melaḵim, it 9de boek (fan 24) en falt it ûnder de Neḇi'im Rišonim (de "Eardere Profeten").
1 Keningen & 2 Keningen | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | מלכים ("Melaḵim") | |
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje, proaza | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 7e – 6e iuw f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Alde Testamint | |
● foarich diel | 1 en 2 Samuël | |
● folgjend diel | 1 en 2 Kroniken | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | 1 Keningen & 2 Keningen | |
publikaasje | 1943, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
1 Keningen ferhellet fan it libben fan 'e keningen fan Israel en Juda fan Salomo oant en mei Achab; 2 Keningen behannelet alle fierdere keningen fan 'e beide lannen en einiget mei de ferwuostging fan Israel troch de Alde Assyriërs en Juda troch de Babyloaniërs. De boeken beslane dêrmei it tiidrek fan 970 oant 586 f.Kr., oftewol krapoan 400 jier. De measte moderne bibelwittenskippers pleatse fraachtekens by de histoaryske wearde fan 'e beide boeken, mei't se net bedoeld binne as in sekuere skiedsskriuwing, mar as in teologysk traktaat dat oantsjutte moast dat de lieders fan 'e Israeliten op harren trou oan it ferbûn mei God ôfrekkene waarden (krekt as Jozua, Rjochters en 1 en 2 Samuël). De earste folsleine Fryske oersetting fan 1 Keningen en 2 Keningen stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.