1 en 2 Samuël
From Wikipedia, the free encyclopedia
1 Samuël en 2 Samuël binne twa boeken fan 'e kristlike Bibel; yn it Alde Testamint falle se ûnder de Skiednis en as sadanich foarmje se it 9de en 10de bibelboek (fan 39). De opspjalting yn twa dielen is yn 'e lêste iuw(en) f.Kr. ûntstien by de oersetting fan 'e Hebriuwske tekst nei it Gryksk, en yn 'e Tenach, de joadske Bibel, bestiet dy dan ek net; dêr is Samuël, yn it oarspronklike Hebriuwsk: שמואל, Šmu'el, it 8ste boek (fan 24) en falt it ûnder de Neḇi'im Rišonim (de "Eardere Profeten"). 1 Samuël ferhellet oer it libben fan 'e profeet Samuël, it keningskip fan Saul en dy syn striid om 'e troan mei David, wylst 2 Samuël it keningskip fan David beskriuwt. De measte moderne bibelwittenskippers pleatse fraachtekens by de histoaryske wearde fan 'e beide boeken, mei't se net bedoeld binne as in sekuere skiedsskriuwing, mar as in teologysk traktaat dat oantsjutte moast dat de lieders fan 'e Israeliten op harren trou oan it ferbûn mei God ôfrekkene waarden (krekt as Jozua, Rjochters en 1 en 2 Keningen). De earste folsleine Fryske oersetting fan 1 Samuël en 2 Samuël stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.
1 Samuël & 2 Samuël | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | שמואל ("Šmu'el") | |
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje, proaza | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 630 – 540 f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Alde Testamint | |
● foarich diel | Ruth | |
● folgjend diel | 1 en 2 Keningen | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | 1 Samuël & 2 Samuël | |
publikaasje | 1943, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |