Achab fan Israel
From Wikipedia, the free encyclopedia
Achab (Hebriuwsk: אַחְאָב, Aẖ'av , "broer fan de heit"; Gryksk: Αχααβ, Latynsk Achab) wie fan ±871 oant ±852 f. Kr. kening fan Israel en neffens it Alde Testamint de opfolger fan kening Omry. Achab troude om politike redens mei Izébel, de dochter fan kening Etbaäl fan Sidon.
Under it bewâld fan Achab makke Israel in bloeiperioade troch. Hy liet stêden fersterke en in paleis bouwe, dêr't in soad ivoar yn ferwurke waard. De relaasjes mei it rike Fenysje brocht ekonomyske foardielen en ek de relaasje mei it keninkryk Juda ûnder Josjafat wie, nettsjinsteande de religieuze ferskillen, goed tanksij in strategysk houlik fan Achab's dochter Atalja mei kroanprins Joaram fan Juda.