Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back
From Wikipedia, the free encyclopedia
Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back, oarspronklik útbrocht ûnder de titel The Empire Strikes Back, is in Amerikaanske science fiction-film út 1980 mei eleminten fan fantasy en aventoerefiksje. It is it twadde diel fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy en de Skywalker Saga-filmsearje, en heart as sadanich ta de Star Wars-mediafranchise. De film is it ferfolch op Star Wars: Episode IV – A New Hope, út 1977. Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back waard regissearre troch Irvin Kershner mei yn 'e haadrollen Mark Hamill, Harrison Ford en Carrie Fisher. De titel betsjut "Stjerre-oarloggen: Oflevering V – It Keizerryk Slacht Werom".
Star Wars: Episode V The Empire Strikes Back | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Irvin Kershner | |
produsint | Gary Kurtz | |
útfierend produsint | George Lucas | |
senario | Leigh Brackett Lawrence Kasdan | |
kamerarezjy | Peter Suschitzky | |
muzyk | John Williams | |
filmstudio | Lucasfilm | |
distribúsje | 20th Century Fox | |
spilers | ||
haadrollen | Mark Hamill Harrison Ford Carrie Fisher | |
byrollen | Billy Dee Williams Peter Mayhew David Prowse James Earl Jones Frank Oz Anthony Daniels Kenny Baker | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 6 maaie 1980 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-film | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 124 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $30,5 miljoen | |
opbringst | $538,4 miljoen | |
prizen | 2 × Oscar 1 × BAFTA 2 × Grammy Award 4 × Saturn Award 1 × Hugo Award | |
filmsearje | ||
filmsearje | Skywalker Saga | |
● foarich diel | Star Wars: Episode IV – A New Hope | |
● folgjend diel | Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi |
- The Empire Strikes Back wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: The Empire Strikes Back (betsjuttingsside).
De film pikt it ferhaal trije jier nei de foarfallen yn 'e foargeande film op. De Galaktyske Boargeroarloch tusken it Rebelleferbûn en it diktatoriale Galaktysk Keizerryk duorret noch altyd fuort. De jonge Luke Skywalker giet yn training om in Jedi-ridder te wurden by de âlde Jedi-master Yoda. Underwilens wurde syn freonen Han Solo en prinsesse Leia hjitfolge troch Darth Vader, de foarnaamste trewant fan 'e boasaardige keizer Palpatine. Nei gâns aventoeren sykje se beskûl yn 'e Stêd yn 'e Wolkens op 'e planeet Bespin, dat in mynboukoloanje is dy't bestjoerd wurdt troch Lando Calrissian, in âlde maat fan Han. Dêr rinne se lykwols yn 'e fâle.
Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen út ta in ûnbidich kommersjeel súkses en de meast opbringende film fan 1980. Efterôf wurdt it beskôge as ien fan 'e bêste films dy't ea makke is en as in foarbyld fan hoe't in ferfolch de oarspronklike film oertreffe kin. Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back wûn 2 Oscars, in BAFTA, 2 Grammys, 4 Saturn Awards en in Hugo. Yn 2010 waard de film opnommen yn it National Film Registry. It ôfslutende diel fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy, Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi, kaam út yn 1983.