Yoda
From Wikipedia, the free encyclopedia
Yoda is in ferneamd fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise, dat betocht waard troch de Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in Jedi-master fan in ûnbekend ras fan bûtenierdske wêzens "lang ferlyn yn in stjerrestelsel fier, fier fuort", en stiet benammen bekend om syn lytse griene uterlik en syn aparte trant fan praten. Yoda makke it alderearst syn opwachting yn Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980), it twadde diel fan 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy. Syn rol yn it trêde diel, Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983), wie beheind, mar hy kearde yn jongere foarm werom yn 'e Star Wars-prequeltrilogy (1999-2005). Yn alle films waard Yoda bespile troch poppespiler Frank Oz, dy't ek syn stim ynspriek.
Fluch de feiten
Yoda personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | soarte ûnbekend | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | Jedi-ridder | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes | Obi-Wan Kenobi Luke Skywalker Anakin Skywalker Qui-Gon Jinn Mace Windu greve Dooku | |
attributen | manear fan praten | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1980 |
Slute