doarp yn Fryslân From Wikipedia, the free encyclopedia
Wâldsein (Nederlânsk: Woudsend) is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, súd fan Snits. Oant 2011 lei Wâldsein yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.
Wâldsein | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.435 (2022) [1] | |
Oerflak | 9,55 km² lân: 7,76 km² wetter: 1,80 km² | |
Befolkingsticht. | 185 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 56'N 5° 37'E | |
Offisjele webside | ||
Side Wâldsein | ||
Kaart | ||
Wâldsein wurdt foar it earst neamd yn 1337 as it kleaster fan de paters fan de Karmeliten stifte wurdt. Om't de Ie yn de tiid fan de Middelsee ferbining hie mei Drylts, Snits en Ljouwert ûntstie hannel en skipfeart yn in goa mei in soad boeren. Om de skipfeart te beskermjen waard yn 1523 in blokhûs boud by it kleaster. Letter kamen der wenten oan de Midstrjitte en by de mole. Doe't yn 1710 de Sontfeart begûn waard Wâldsein hieltyd mear in haven. Yn 1762 waard der ek oan de oare kant fan de Ie boud.
Ferskillende nammen fan Wâldsein binne: Woldesende (1337), Woldensend (1446), Waldeseende (1447), Woldseinde 1492, Wolseyndt (1505), Walseyndt (1516), thoe waldzein (1520) en Waldsem (1579). Wâldsein ûnstie op in sânrêch, mar de namme bestjut dat it plak oan it ein fan in bosk lei.
In part fan it doarp is in beskerme doarpsgesicht. Karakteristyk foar it doarp binne de njoggentjin stegen dy 't it sintrum fan east nei west trochkruse en dêr't de langste fan sa'n hûndert meter lang is. Fierders binne der yn it doarp ferskate ryksmonuminten.
Troch de geunstige lizzing fan Wâldsein tusken de Sleattemer Mar en de Hegemer Mar, net fier fan de Gaasterlânske bosken, lûkt it doarp in soad wettersporters.
Wâldsein leit oan de rûte fan de Alvestêdetocht.
It doarp hat fjouwer buertferienings: Markant, It Fuottenein, Oer de Brêge en Oer de Weisleat. De Bonifatiusskoalle en M. van der Brugskoalle binne de basisskoallen, De Beltsjeblom is it pjutteboartersplak.
In bekende ynwenner wie arsjitekt Hindrik Hindriks Kramer (1850-1934).
Jier | 1840 | 1890 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2006 | 2011 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1.200 | 1.400 | 1.100 | 1.049 | 1.034 | 1.116 | 1.074 | 1.308 | 1.390 | 1.380 |
Simmerdeis foarmet de brêge oer de Ie yn de buorren fan Wâldsein in knelpunt foar it wei- as wetterferkear. Troch de bou fan in rûnwei mei it Ie-Akwadukt besuden it doarp kaam yn 2007 in ein oan de oerlêst fan it ferkear.
Alle strjitten yn Wâldsein.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.