From Wikipedia, the free encyclopedia
De Wye, (Ingelsk: River Wye, Welsk: Afon Gwy), is mei syn 215 kilometer de op fjouwer nei langste rivier fan it Feriene Keninkryk; de lêste 26 km is it de grins tusken Ingelân en Wales. It streamgebiet beslacht 4.136 km².
De boarne fan de Wye leit yn de bergen fan it Welske Plynlimon. Dêrnei streamt de rivier troch ferskate stêden en doarpen, ûnder oaren Rhayader, Builth Wells, Hay-on-Wye, Hereford, Ross-on-Wye, Symonds Yat, Monmouth en Tintern, om krekt ûnder Chepstow it Severn-estuarium yn te streamen.
De Wye sels is in Plak fan Wittenskiplik belang en ien fan de meast belangrike beskerme natoergebietsrivieren fan it Feriene Keninkryk. It legere part fan de Wyedelling is útroppen ta in Area of Outstanding Natural Beauty. De Wye hat foar it meastepart skjin wetter.
De Wye is goed te brûken foar kajakken en kanofarren op ferskate nivo's; de rivier streamt frij starich, mar hat hjir en dêr wol streamfersnellings en is foar kano's te befarren fan Glasbury troch Hay-on-Wye oant Hereford en het Severn-estuarium ta.
De grutste sydrivieren fan de Wye binne de Lugg, de Elan, de Irfon, de Marteg, de Monnow, de Trothy, de Ithon, de Llynfi, de Letton-mar, de Tarrenig en de Bidno.
De Romeinen bouden al in brêge justjes streamop fan Chepstow. De rivier wie en is noch altyd befarber oant Monmouth yn Wales fan teminsten de 14e iuw ôf. Fan dat plak ôf waard de befarberheid ferbettere mei skutsluzen troch Sir William Sandys yn de jierren 1660, sadat boaten oant Hereford ta komme koene. Yn 1696 joech it Ingelske parlemint opdracht om alle skutsluzen fuort te heljen omdat sy fersliten wiene. Alinne de New Weir Forge by Goodrich hat it oerlibbe. Dy hat bestien oant 1815. Yn 1808 waard der in jaachpaad foar hynders oanlein, dat oant Hereford trochroan. Foar dy tiid waarden boaten troch minsken oer de Severn lutsen. Teffens waard de saneamde Lugg by de gearrin mei de Wye op de hichte fan Mordiford geregeldwei ferbettere. De Wye wie kommersjeel fan belang oan yn de jierren '50 fan de 19e iuw, dêrnei waard ferfier oer de dyk hieltyd wichtiger. De rivier wurdt hjoeddeisk noch wol brûkt foar plesierfeart.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.