From Wikipedia, the free encyclopedia
Klam (ek wol 'klamtoan' neamd, hoewol't dat eins in hollanistyske ynterferinsje is) is de relative promininsje dy't in stikje sprutsen taal yn 'e útspraak kriget. In wurdlid mei klam wurdt ornaris mei wat mear krêft útsprutsen as de oare wurdlidden yn in wurd. Sa'n krêftiger útspraak wurdt produsearre troch in tanommen mjitte fan 'e útstjit fan lucht út 'e mûle en in gruttere spanning yn 'e spieren dy't foar de útspraak brûkt wurde. Fonetysk wurdt in beklamme wurdlid karakterisearre troch in gruttere yntinsiteit as dat de omlizzende ûnbeklamme wurdlidden hawwe, mar in hegere toan en (justjes) langer oanholden útspraak binne faak ek skaaimerken fan klam.
Yn 'e taalkunde wurde ferskate foarmen fan klam ûnderskaat:
Yn it Ynternasjonaal Fonetysk Alfabet (IPA) wurdt primêre klam werjûn troch it symboal " ˈ ", en sekundêre klam troch it symboal "ˌ". It wurd 'anty-semitysk' komt der dan yn fonetysk skrift út te sjen as: [ˌantisəˈmitisk]. Klam kin ek betsjuttingsûnderskiedend wurkje, bgl. yn 'e bekende wurden 'foàrkomme' en 'foarkómme'. Yn sokke gefallen wurdt, sa't men hjir sjen kin, gauris in skerpteken of in klamteken brûkt om it ferskil yn útspraak typografysk wer te jaan. 'Foàrkomme' betsjut dat men soargje wol dat it ien of oar net bart, wylst 'foarkómme' de betsjutting hat fan 'foar it gerjocht ferskine' (by it Nederlânske vóórkomen en voorkómen is dat betsjuttingsferskil presys oarsom). In oar foarbyld fan sokke betsjuttingsûnderskiedende klam is 'efterútgong' en 'èfterútgong'. Ek yn sinnen kin klam foar ferskil yn betsjutting soargje:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.