De Wintertiid is de tiid dy’t oanhâlden wurdt tusken de lêste snein fan oktober en de lêste snein fan maart. Einliks is de wintertiid de ‘gewoane’ standerttiid fan Nederlân.
Krekt as de simmertiid hat de wintertiid in ôfwiking fan de sinnetiid. De grutte fan dy ôfwiking is ôfhinklik fan it plak dêr't ien him befynt op de wrâld. Sa stiet yn it meast eastlike part fan it Nederlânske taalgebiet, by Nijeskâns yn Grinslân, de sinne om 12:31 oere middeis it heechst. Wylst op it meast westlike part fan it taalgebiet, by De Panne yn West-Flaanderen, de sinne om 12:50 pas op har heechste punt stiet.
De Nederlânske regearing hat besluten dat de simmertiid yn alle gefallen oant en mei 2010 yngien sil yn it lêste wykein fan maart en einiget yn it lêste wykein fan oktober.
By de oergong nei de wintertiid skoot de deiljochtperioade in oere op. Hjirtroch wurdt it moarns in oere earder ljocht en jûns earder tsjuster. Dizze feroaring yn tiid hat gjin ynfloed op it waar, sadat ek de deiske waarferskynsels in oere nei foaren skowe. Sa wurdt de heechste temperatuer fan de dei meastel inkele oeren nei it middei-oere berikt. Yn de winter is dit oer it algemien tusken 15 en 16 oere. Mar omdat de sinne yn de winter minder ynfloed hat op de temperatuer kin it waarmste momint fan de dei ek op in hiel oar tiidstip falle. Sa wurdt yn de winter de heechste temperatuer fan de dei by stoarm wolris mjitten yn it midden fan de nacht.
Yn Nederlân is it ûnderskied tusken de simmer- en wintertiid yn 1977 op nij ynfierd. Ek tusken 1916 en 1945 bestie de simmertiid yn Nederlân. Oant it begjin fan de 20e iuw hie hast elk plak har eigen tiid. Foar it fêststellen fan de tiid waard doe útgong fan de heechste stân fan de sinne. Omdat dizze yn it easten op komt en yn it westen ûndergiet wurdt de heechste stân fan de sinne yn it easten likernôch in kertier earder berikt as yn it westen.
De opkomst fan de spoarwei makke de ynfier fan in lanlike standerttiid nedich. Fan 1909 oant 1940 hie Nederlân har eigen Amsterdamske Tiid. Dizze rûn twintich minuten foar op de Jeropeeske Tiid. De oergong nei de hjoeddeiske Midden-Jeropeeske Tiid fûn plak op 16 maaie 1940. De Dútsers lieten de klok doe in oere en fjirtich minuten foarút sette. Dizze simmertiid waard ek brûkt yn de winters fan 1941 en 1942. Pas yn novimber 1942 waard de klok wer in oere werom set. Fan 1943 oant 1945 waard allinnich de simmertiid brûkt. Yn 1946 waard it ferskil tusken de simmer- en wintertiid foar tritich jier ôfskaft.
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.