From Wikipedia, the free encyclopedia
Willem (Wim) Ruska (Amsterdam, 29 augustus 1940 – Hoarn, 14 febrewaris 2015) wie in Nederlânske judoka. Hy wurdt troch in soad minsken as de bêste judoka dy't Nederlân ea hân hat beskôge.
Wim Ruska | ||
sporter | ||
Wim Ruska yn 1972 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Willem Ruska | |
bynamme | Tarzan van de tatami | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 29 augustus 1940 | |
berteplak | Amsterdam | |
stjerdatum | 14 febrewaris 2015 | |
stjerplak | Hoarn | |
lingte | 1.89 m | |
gewicht | 94 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Judo | |
O.S. | München 1972 | |
debút | 1960 | |
karriêre-ein | 1972 | |
wichtige prestaasjes | ||
2x goud Olympyske Spullen 1972 |
Ruska wûn twa Olympyske titels, twa wrâldtitels (1967 en 1971), sân Europeeske titels en waard ferkate kearen Nederlânsk kampioen.
Ruska syn grutte prestaasjes by de Olympyske Simmerspullen 1972 yn München, dêr't er yn it swiergewicht en alle kategoryen it goud helle, hawwe him net sa'n protte bekendheid opsmiten. De spullen yn München binne altyd yn it skaad bleaun fan it omtinken foar de oanslach op de Israelyske ploech, dy't koart dêrfoar bard wie.
Yn 2001 krige Ruska in harsenynfarkt. Hy rekke dêrtroch foar in part ferlamme en syn spraakfermogen gie ek foar in grut part ferlern.
Yn 2013 waard Ruska troch de ynternasjonale judofederaasje (IJF) yn de Hall of Fame opnaam. Ruska stoar yn 2015 mei 74 jier.[1][2]
Yn maart 2017 waard op it Sportsintrum Papendal yn Arnhim in nije judohal iepene dy't nei Ruska neamd is.[3]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.