From Wikipedia, the free encyclopedia
William Heinesen (folút: Andreas William Heinesen; Tórshavn, 15 jannewaris 1900 – dêre, 12 maart 1991), wie in Fêreusk skriuwer fan romans, koarte ferhalen en berneboeken, dichter, oersetter, keunstskilder, keunstkritikus en komponist. Hoewol't er inkeld yn it Deensk skreau, is er de wichtichste auteur dy't de Fêreu-eilannen ea fuortbrocht hawwe. Dat er de Fêreuske taal net genôch yn 'e macht hie om dêr yn te skriuwen, mei't it net syn memmetaal wie, ûnderfûn Heinesen sels as in gebrek. Syn ynfloed op 'e moderne Fêreusktalige literatuer is lykwols net te oerskatten, en dêrnjonken hat er in grutte rol spile yn 'e ûntwikkeling fan 'e moderne keunst op 'e eilannen.
William Heinesen | ||
skriuwer | ||
William Heinesen op in Fêreuske postsegel út 1988. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Andreas William Heinesen | |
nasjonaliteit | Fêreusk | |
berne | 15 jannewaris 1900 | |
berteplak | Tórshavn (Fêreu-eilannen) | |
stoarn | 12 maart 1991 | |
stjerplak | Tórshavn (Fêreu-eilannen) | |
etnisiteit | Deensk Fêreusk | |
wurk | ||
taal | Deensk | |
sjenre | lit. romans & koarte ferhalen, berneboeken, poëzij | |
perioade | 20e iuw | |
bekendste wurk(en) | Noatun Det Gode Håb Her Skal Danses | |
prizen | Lit.priis fd Noardske Rd. 1965 Fêreuske Literatuerpriis 1975 Karen Blixenmedalje 1985 Lytse Nobelpriis 1987 | |
jierren aktyf | 1921 – 1991 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Heinesen waard yn 1900 berne yn 'e Fêreuske haadstêd Tórshavn, as de soan fan Fêreuske heit en in Deenske mem. In grut part fan syn jonkheid brocht er troch yn Denemark, en hy waard Deensktalich grutbrocht, wat er letter as in manko begûn te sjen, mei't er himsels as Fêreuster beskôge. Hy skreau sadwaande yn it Deensk, al is letter syn hiele oeuvre fan sân romans, sân ferhalebondels en sân dichtbondels oerset yn it Fêreusk (en teffens yn withoefolle oare talen). Syn earste dichtbondel publisearre er yn 1921, doe't er 21 jier wie. Syn earste roman, Blæsende Gry ("Wynderige Moarnsdage"), ferskynde yn 1934. Hy wie der ûnwis oer, en lies it boek fan kaft oant kaft foar oan syn freon, de skilder Sámal Joensen-Mikines. Syn twadde boek, Noatun (It Nije Hiem), dat yn 1938 útkaam, hied er mear súkses mei, mar it bekendst is syn roman De Fortabte Spillemænd ("De Weiwurdene Muzikanten"), út 1950.
Oant 1954 dreau Heinesen in hannelsfirma yn Tórshavn, dêr't er hast syn hiele folwoeksen libben trochbrocht. Hy waard ferneamd om syn útspraak dat Tórshavn foar him "de nâle fan 'e wrâld" wie. Nettsjinsteande syn oarstalichheid, ûntjoech er him yn 'e midden fan 'e tweintichste iuw ta ien fan 'e foaroanmannen fan 'e Fêreuske nasjonale beweging, dy't it yn 1948 slagge om foar de Fêreu-eilannen folslein selsbestjoer ûnder de Deenske Kroan te krijen (likernôch sa't Kurasao, Arûba en Sint-Marten dat binnen it Nederlânske keninkryk hawwe).
Nei Karen Blixen is Heinesen de meast oersette Deensktalige skriuwer út it tiidrek 1900-1940. Yn 1965 waard him as earste Fêreuster de Literatuerpriis fan de Noardske Ried takend foar syn roman Det Gode Håb ("De Goede Hope"). Njonken Rói Patursson is er de iennichste Fêreuster dy't dy eare ea ta diel fallen is. Fierders wûn er yn 1975 de Fêreuske Literatuerpriis; yn 1980 de Deenske Kritisypriis foar Literatuer (Kritikerprisen) foar syn roman Her Skal Danses ("Der Sil Dûnsjen Wêze"); yn 1985 de Karen Blixenmedalje fan 'e Deenske Akademy; en yn 1987 de Skandinavyske Priis fan de Sweedske Akademy, dy't ek wol de "Lytse Nobelpriis" neamd wurdt. Yn 1981, doe't er nominearre wie foar de Nobelpriis foar de Literatuer, giene der geroften dat de kar foar dy eare ek echt op him fallen wie. Dêrop skreau er de Sweedske Akademy om syn (troch oaren bewurkmastere) kandidatuer yn te lûken. Letter lei er út wêrom't er dat dien hie: "It Fêreusk wie foarhinne net yn tel – sterker noch, it waard planút ûnderdrukt. Nettsjinsteande dat hat it Fêreusk in grutte literatuer skepen, en it soe net mear as reedlik west hawwe en jou de Nobelpriis oan in auteur dy't yn it Fêreusk skriuwt. As er lykwols oan my jûn wie, soed er nei in auteur gien wêze dy't yn it Deensk skriuwt, en bygefolch soe it Fêreuske krewearjen om in ûnôfhinklike kultuer te skeppen in snútslach krigen hawwe." Heinesen stoar yn 1991 te Tórshavn, yn 'e âlderdom fan 91 jier.
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar |
---|---|---|---|---|
1960 | Holbergmedalje (Deenske literatuerpriis) | wûn | n.f.t. | oeuvre |
1965 | Literatuerpriis fan de Noardske Ried | wûn | n.f.t. | Det Gode Håb |
1975 | Fêreuske Literatuerpriis | wûn | bêste fiksje | oeuvre |
1980 | eareboargerskip fan Tórshavn | beneamd | n.f.t. | fertsjinsten as auteur |
Deenske Resinsintepriis foar Literatuer (Kritikerprisen) | wûn | n.f.t. | Her Skal Danses | |
1984 | Berneboekepriis fan de Gemeente Tórshavn (Barnabókaheiðursløn Tórshavnar býráðs) |
wûn | n.f.t. | oeuvre |
1985 | Karen Blixenmedalje (fan 'e Deenske Akademy) | wûn | n.f.t. | oeuvre |
1987 | Skandinavyske Priis fan de Sweedske Akademy ("Lytse Nobelpriis") |
wûn | n.f.t. | oeuvre |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.