From Wikipedia, the free encyclopedia
Willem Arnoldus Witsen (Amsterdam, 13 augustus 1860 - dêre, 13 april 1923) wie in Nederlânske keunstskilder, fotograaf en etser. Hy kaam út in begoedige famylje, dêr't ek de 17e iuwske reginten Cornelis Jan Witsen en syn soan Nicolaes Witsen ta hearden.
Witsen, dy't beynfloede waard troch de Amerikaanske skilder James MacNeill Whistler, portrettearre faak sawol rêstige stedsgesichten as agraryske taferelen. Hy makke ek portretten en foto's fan foaroansteande figueren út de Amsterdamske keunstwrâld. Hy wurdt rekkene ta de Amsterdamske ympresjonisten.
Witsen studearre oan de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam en yn Antwerpen.
Yn 1889 die Willem Witsen syn suster, de sjongster Anna Witsen, har tekoart. Sy fersûpte yn de fiver fan de bûtenpleats fan de famylje, de Ewijckshoeve. Herman Gorter hellet dat barren oan yn syn gedicht in de zwarte nacht is een mensch aangetreden dat opnaam is yn syn bondel 'Verzen' (1890).
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.