Remove ads

West-Fryslân (Westfrysk: Westfriesland) is in regio yn it noarden fan de provinsje Noard-Hollân, omsletten troch de Westfryske Ringdyk. It is ûntstien út it yn de Midsiuwen selsstannige Westfryske goa Westflinge. Tsjintwurdich wenje der 303.000 minsken, de haadstêd is Hoarn en it folsleine oerflak is 781,8km².

Thumb
De flagge fan West-Fryslân
Thumb

Karakter

West-Fryslân hat in agrarysk oansjen en wurdt skaaimerke troch lange lintdoarpen. Der binne in oantal gruttere stêden lykas Hoarn (sintrumfunksje foar West-Fryslân), Inkhuzen, Skagen, Medemblik en Heerhugowaard. De havenplakken Hoarn en Inkhuzen hawwe in âld-Hollânsk karakter troch harren VOC-ferline. West-Fryslân is benammen yn trek by de wettersport, dit komt trochdat de regio oan de Iselmar en de Markermar leit. Fanwege alle sleatten en fearten is West-Fryslân ek goed berikber mei de boat. En op 'e fyts is der ek goed te wêzen, want der leit in grut netwurk fan fytspaden.

Remove ads

Dialekt

Yn West-Fryslân wurdt it Hollânske dialekt West-Frysk sprutsen. Dit dialekt is in mingtaal fan it Hollânsk en de oarspronklike Fryske taal. Tsjintwurdich liket dit dialekt mear op it Hollânsk as op it Frysk, mar der binne ek wol oerienkomsten mei it Frysk.

Skiednis

West-Fryslân waard al foar de tiid fan de Romeinen bewenne troch minsken. Sa om-ende-by 600 f.Kr. festigen de Friezen harren yn dizze omkriten. It makke in skoftke diel út fan it Romeinske ryk (12 f.Kr. - 47 n.Kr. De skiednis fan West-Fryslân is foaral ferbûn west mei de rivier de Flehi, dy't troch de Flevomar (Almere) yn de Waadsee útmûnet. Yn de rin fan iuwen waarden mar en rivier hieltyd breder en ûntstie wierskynlik troch ôfslach fan de wâlkant, it ôfgraven fan it fean en it rizen fan de seespegel de Sudersee.

Nei it fertrek fan de Romeinen makke West-Fryslân sûnt de 7e iuw diel út fan it Fryske ryk dat ûnder kening Aldgilles en Redbad syn grutste útwreiding berikte. Nei it bewâld fan kening Redbad, stried hofmeier Karel Martel tsjin de Friezen dy't troch him yn 720 ferslein waarden. De Fryske gebieten westlik fan It Fly, dêr't ek West-Fryslân by hearde kaam sa yn Frankyske hannen.

Sûnt dy tiid wie West-Fryslân ûnderdiel fan it Frankyske ryk en hiet it Westflinge. Yn de 9e iuw waard West-Fryslân stadichoan wer in selsstannich gebiet en fierden har Fryske bewenners sa no en dan kriich mei de greven fan Hollân. Yn 1297 waarden sy troch de greve Jan fan Hollân ferslein en waard West-Fryslân troch him beset en ûnderdiel makke fan syn grûngebiet. Sûnt dy tiid wie West-Fryslân in part fan Hollân, earst fan it Greefskip Hollân, dêrnei fan it Greefskip Hollân en West-Fryslân. Letter waard dit de Steaten fan Hollân en West-Fryslân, en sûnt 1840 de provinsje Noard-Hollân.

Remove ads

West-Fryske gemeenten

Fryske nammeWestfryske namme
AlkmarAlkmare (gedieltlik)
DrechterlânDrechterland
Dyk en WaardDìk en Weerd
HoarnHoorn
Hollâns Kroan? (gedieltlik)
InkhuzenHenkhúze
KoggelânKoggeland
MedemblikMemelik
OpmarOpmar
SkagenSkagen (gedieltlik)
Stêde BroecStee Broek

Keppeling om utens

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.

Remove ads