From Wikipedia, the free encyclopedia
Westervelde is in doarpke sa'n 1,5 km súdwestlik fan Noarch, yn de gemeente Noardenfjild yn Drinte. Op 1 jannewaris 2008 wennen der 158 minsken.[1]
Westervelde waard al neamd yn 1486. Om 1800 wie Westervelde it grutste doarp fan karspel Noarch. Yn Westervelde stie it gemeentehûs fan de gemeente Noarch, tagelyk de residinsje fan de famylje Tonckens. Meardere leden fan dit laach wienen boargemaster fan Noarch. It gemeentehûs, oan de Haadwei, wurdt no brûkt as hotel/restaurant en is noch altiten yn it besit fan de famylje Tonckens. Oant 1998 makke Westervelde diel út fan de gemeente Noarch. Sûnt 1998 is Westervelde ûnderdiel fan de weryndielde gemeente Noardenfjild.
Flakby Westervelde lizze it hunebêd D2 en it Noargerholt, ien fan de âldste bosken yn Nederlân.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.